Springe nei ynhâld

Melanezyske iisfûgel

Ut Wikipedy
Melanezyske iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus tristrami
Layard, 1880

De Melanezyske iisfûgel (Todiramphus tristrami) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte wurdt noch fakentiden as in ûndersoarte fan 'e wytkraachiisfûgel (Todiramphus chloris) behannele, lykas troch BirdLife International. Dêrom is de soarte net foar in IUCN-status beöardiele. De fûgel is ferneamd nei de Britske dûmny en natoerûndersiker Henry Baker Tristram (1822-1906).

De soarte is blaugrien fan boppe, hat in ljochte kraach, in donkere eachstreek, in blauwe kroan en in donkere boppesnaffel en in ljochte ûndersnaffel. It boarst en de búk binne wyt oant fealoranje. Ferlikene mei de hillige iisfûgel is de soarte donkerder en blauer fan boppe.

De soarte libbet op 'e Bismarck-arsjipel (Papoea Nij-Guineä) en de Salomonseilannen. Der binne sân ûndersoarten:

  • T. t. nusae: Lavongai, Nij-Ierlân (útsein it súdwesten) en Feny (Bismarck-arsjipel).
  • T. t. matthiae: Sint Mattiaseilannen (Bismarck-arsjipel).
  • T. t. stresemanni: de eilanden tussen Nij-Guineä en Nij-Brittanje (Bismarck-arsjipel).
  • T. t. novaehiberniae: súdwestlik Nij-Ierlân (Bismarck-arsjipel).
  • T. t. bennetti: Nissan (Bismarck-arsjipel).
  • T. t. tristrami: Nij-Brittanje (Bismarck-arsjipel).
  • T. t. alberti: fan Buka súdeastlik oant Guadalcanal (Salomonseilannen).

De Melanezyske iisfûgel komt yn kustgebieten foar, mar wurdt ek wol fier it lân yn waarnommen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: