Springe nei ynhâld

Meksikaanske miuw

Ut Wikipedy
Meksikaanske miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus livens
Dwight, 1919
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

De Meksikaanske miuw (Larus livens) is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Folwoeksen fûgels ha in soad fan 'e Kalifornyske miuw. Earder waard de soarte dan ek as in ûndersoarte fan 'e Kalifornyske miuw (Larus occidentalis) behannele. Se ha in wite kop en in donkere, in laaigrize rêch, laaigrize wjukken en in foarse giele snaffel mei in read plak op 'e ûndersnaffel. De poaten binne giel, alhoewol't de jonge winterfûgels ek wol rôze poaten ha lykas dy fan 'e Kalifornyske miuw. As er trije wurdt kriget er de folwoeksen dracht.

De fûgel komt foar yn Meksiko, dêr't er briedt op eilannen yn 'e Golf fan Kalifornje. Bûten it briedseizoen migrearret er nei it noarden oant Saltonsee yn súdlik Kalifornje en nei it suden nei Sonora.

Se wurde op sân- en rotskusten of eilannen mei yn 'e regel net in soad fegetaasje oantroffen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2020) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt op 40.000 folwoeksen fûgels rûsd (2020).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: