Springe nei ynhâld

Heechlân fan Meksiko

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Meksikaansk Plato)
Heechlân fan Meksiko
Utsjoch oer it Heechlân fan Meksiko by San Miguel de Allende yn Guanajuato.
Utsjoch oer it Heechlân fan Meksiko by San Miguel de Allende yn Guanajuato.
polityk en geografy
soarte gebietheechflakte
lân Meksiko
grutste plakMeksiko-Stêd
sifers
ynwennertal98.960.175 (2025)
oerflak601.882 km²
befolkingstichtens164,4 / km²
oar
tiidsôneUTC –6
simmertiidgjint / UTC –5
kaart
Utsjoch oer it Heechlân fan Meksiko by San Miguel de Allende yn Guanajuato.
De lizzing fan it Heechlân fan Meksiko (read omline).

It Heechlân fan Meksiko (Spaansk: Altiplano mexicano, "Meksikaanske Heechflakte") is in grutte, foar it meastepart drûge heechflakte yn 'e midden en it noarden fan Meksiko. Dizze regio beslacht likernôch in trêdepart fan it Meksikaanske grûngebiet, en rint fan 'e Amerikaanske grins yn it noarden oant de Transmeksikaanske Fulkaangurdle yn it suden.

Ofmjittings en ôffredings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Heechlân fan Meksiko is in ûnbidich grutte heechflakte mei in hichte fan yn trochsneed 1.825 m boppe seenivo, dy't dielen fan sintraal en noardlik Meksiko omfettet. It oerflak bedraacht 601.882 km², wêrmei't it likernôch in trêdepart beslacht fan it hiele Meksikaanske grûngebiet. Yn it noarden rint it gebiet oan 'e grins mei de Feriene Steaten ta, en yn geografysk opsjoch omfettet it ek noch lytse dielen fan 'e Amerikaanske steaten Teksas, Nij-Meksiko en Arizona oan 'e súdlikste útrinners fan 'e Rocky Mountains ta, mar om polityk-steatkundige redens wurdt dat sa oer it algemien net sjoen. Yn 'e oare rjochtings wurdt it Heechlân fan Meksiko ôffrede troch berchtmen: yn it easten de Eastlike Sierra Madre, yn it westen de Westlike Sierra Madre en yn it suden de Transmeksikaanske Fulkaangurdle mei û.o. de aktive fulkaan de Popocatépetl.

De heechflakte wreidet him út oer de Meksikaanske steaten Chihuahua, Coahuila, Nij-Leön, Durango, Zacatecas, San Luis Potosí, Aguascalientes, Guanajuato, Querétaro, Hidalgo, Meksiko, Tlaxcala, Puebla, Jalisco, Michoacán en Veracruz, en omfiemet teffens it Federaal Distrikt mei de haadstêd Meksiko-Stêd.

It Noardlik Plato en it Sintraal Plato

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Heechlân fan Meksiko wurdt, likernôch op 'e hichte fan 'e Kreeftskearkring, midstwa spjalten troch in rige lege berchtmen, de Sierras Transversales. De beide resultearjende dielen, it Noardlik Plato (Spaansk: Mesa del Norte) en it Sintraal Plato (Mesa Central) wurde lykwols tsjintwurdich troch geografen ornaris as ûnderdielen fan ien en deselde heechflakte beskôge. It gruttere Noardlik Plato bestiet út woastinen en healwoastinen, wêrûnder de Chihuahuawoastyn. It hat in hichte fan 1.000–1.800 m boppe seenivo. It lytsere Sintraal Plato, dat soms it Plato fan Anáhuac neamd wurdt (hoewol't Anáhuac ferskate betsjuttings hat), is minder flak en hat in hichte fan 2.000–2.600 m boppe seenivo. De heechflakte wurdt dêr faker ûnderbrutsen of trochsnien troch fulkanen en berchrêgen en falt sadwaande winliken útinoar yn ferskate plato's en dellings. Fan it westen nei it easten binne dat de Bajío, de Taraskyske Heechflakte, de Delling fan Toluca, de Delling fan Meksiko en de Delling fan Puebla-Tlaxcala.

Fan 'e grutte rivieren fan Meksiko ûntspringe de measten op it Heechlan fan Meksiko, lykas it gefal is by de Lerma, de Pánuco, de Balsas, de Río Grande de Santiago en de Conchos. Ek de grutste marren fan Meksiko lizze op 'e heechflakte, wêrûnder de Chapalamar, de Cuitzeomar en de Pátzcuaromar. Yn 'e Delling fan Meksiko lei histoarysk in keatling fan fiif grutte marren: de Zumpangomar, de Xaltocánmar, de Texcocomar, de Xochimilcomar en de Chalcomar (foar de útspraak: ch = tsj en x = sj), dy't mei-inoar in oerflak fan 1.500 km² hiene. De Azteken stiften yn 1325 harren haadstêd, Tenochtitlán, op in arsjipel fan lytse eilantsjes deunby de westlike kust fan 'e grutste fan 'e fiif marren, de Texcocomar. Nei't se it Azteekske Ryk yn 1521 oerweldige hiene, leine de Spanjerts de fiif marren drûch. Tsjintwurdich leit op datselde plak de stêdekloft fan Meksiko-Stêd.

Hoewol't it Heechlân fan Meksiko mar in trêdepart fan it grûngebiet fan Meksiko beslacht, wennet der trijefearn fan 'e Meksikaanske befolking, wat yn 2025 delkaam op 99 miljoen minsken. De measte grutte stêden fan Meksiko lizze op 'e heechflakte, wêrûnder de haadstêd Meksiko-Stêd en fierders û.o. Guadalajara, Monterrey, Toluca, León, Puebla, Chihuahua, San Luis Potosí, Aguascalientes, Querétaro, Saltillo, Zacatecas en Ciudad Juárez.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.