Meinardus Siderius

Ut Wikipedy
Meinardus Siderius

Meinardus Siderius (Ljouwert, 1754 - Wolvegea, 19 desimber 1829) wie in jurist en sekretaris fan Doanjewerstâl (1781) en fan it provinsjaal bestjoer.

Siderius wie in soan fan mr. Gabinus Siderius (1727 -1765 ), abbekaat en notaris yn Ljouwert, en Catharina Elisabeth Semler (1729 -1809 ). Hy wie ferneamd nei syn pake Meinardus Siderius, dy 't ûnder mear skepen en boargemaster fan Ljouwert wie. Hy troude yn 1781 mei Hendrica Elisabeth Jacoba van der Kolk, út dit houlik waard in dochter berne.

Hy promovearre yn 1777 yn de rjochten. Yn 1795 kaam er nei foaren as folksfertsjintwurdiger as reedlik liberaal. Wie lid fan de Nasjonale Gearkomst fan de Bataafske Republyk en grûnwetskommisje (1796), kurator fan de Hegeskoalle en drost fan de Stellingwerven yn 1806. Yn Wolvegea hat er de âlde Lycklama-Stins ferbouwe litten. De lettere bewenner hjirfan, kolonel F.S. Klijnsma, hat him yn 1845 earje wold troch in tinkteken op it grêf te setten en mei in geskrift: Geschiedkundige Herinneringen uit Oost en West-Stellingwerf (Meppel 1861).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: