Meinardus Meiners

Ut Wikipedy

Meinardus Meiners (Holwert, doopt op 4 april 1745 - Warkum, 27 april 1817) wie in Frysk predikant.

Meiners wie in fertsjintwurdiger fan de saneamde 'finen' en in ferdigener fan it folk dat Oranje oanhinge. Hy kaam út de rûnten fan de oefeners en wie ien fan de earste dolearjende predikanten. Hy stie as dûmny yn Drylts (1787-1798), yn Sleat (1798-1804) en Warkum (1804-1817) en soarge yn de Súdwesthoeke foar frijwat beroering.

Op 2 july 1784 boaske er oan Janke Annes Visser (1760-1813) yn Heech; sy krigen 7 bern[1].

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet in skilderij fan de houliksplechtichheid, sjoch hjir

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Meiners, Meinardus.

  1. Stambeam Van Gorcum » Meinardus Meiners