Meidogger oerlis:Top8
Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.
De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.631 siden. Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir! |
Fersen Klaas Bruinsma
[boarne bewurkje]Tank foar jo korreksje op 'e side fan Klaas Bruinsma. Ik haw dy list jierren lyn gearstald út 'e katalogus fan Tresoar, doe't dy noch fia it ynternet te rieplachtsjen wie. Jo witte hjir blykber mear fan as ik. Dat is skoan mooglik en yn dit gefal ek mar moai, want Frieslands Dichters seit my neat. No is it fansels sa dat in leeftyd fan 18 jier noch nea in beswier west hat om poëzij te skriuwen. Mar as jo sizze dat der neat fan Bruinsma yn dat wurk stiet, dan wol ik dat bêst oannimme. Dan is der by Tresoar grif in flater yn 'e list slûpt. En dat is fansels ek skoan mooglik. Gehakt, spaanders ensfh. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 feb 2020, 21.54 (CET)
Noch in probleemke yfm Klaas Bruinsma
[boarne bewurkje]Yn oarder, graach dien! Ik fûn noch in flaterke fan 1 letter l yn de titel 'De Leafde fan Don Perlimplin ...'. Mar no wurket de trochferwizing nei it artikel oer dat stik net mear, en ik wit net hoe't ik dat yn oarder meitsje moat. Hawwe jo dêr faaks idee by? Top8, 19 feb 2020, 22:32 (CET).
- Jawis, ik neam de side oer it toanielstik gewoan eefkes om. Gjin probleem. En tankjewol foar it bespeuren fan 'e misstavering. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 feb 2020, 22.44 (CET)
- Al wer klear. Tank! Top8 20 feb 2020, 11:54 (CET)