Wikipedy oerlis:Haadside Nij

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kopiearre fan oerlis Theun/Jelle[boarne bewurkje]

Beste Theun.

Ik wol seker helpe om de haadside wat op te fleuren. In soart Wikipedia’s hawwe plaatsjes er by set. Dy plaatsjes kinne wy by it stikje ensyklopedy sette. Ik tink wol dat wy hiele oare plaatsjes moatte brûke dan de Limburchske en de Nederlânske wikipedia. De Fryske wiki hat in hiel ferhaal oer de wiki self. Der sitte in oantal rigels by dy’t ik er út soe wolle helje. Lykas: Op de Nederlânsktalige Wikipedy steane in tal siden mei winken. Jo kinne ek telâne op de postlist Wikipedia-L. Miskien is het leuk om it ferhaal fan de wikipedy yn in apart portaal te setten. Dan kinne we dit miskien útbreide sadat it allegear nog wat dúdliker wurdt. Ik soe bygelyks graach mear wolle witten oer berjochten. Dit portaal kinne wy linke oan de haadside troch in plaatsje fan bygelyks de Fryske flagge mei de tekst: Help de Fryske Wikipedia grutter wurde, jo bydrage is ek belangerik. Dermei hâlde wy in hiel soart romte oer om bygelyks in side fan de moanne te promoaten.

Miskien kinne jo Meidogger:Aliter e-mailen om te freegje oft er wol helpe om de haadpagina op nei oan te klaaien. Syn e-mail adres stiet op syn eigen pagina. Groet Jelle 2 jan 2007, 16.27 (CET)[beäntwurdzje]

Op sich is dat portaal der fansels al Wikipedy:Mienskip. It rjochts part is derfan in bytsje in ferkoart oersjoch. Ik tink dat Aliter dat sa makke hat om minsken der fuortendaliks by te belûken, mar it is wol wat dûbeltop. Ik sil under myn brûkerside wol in nij opsetsje meitsje dan kinne we der earst wol wat mei eksperimentearje sûnder de echte haadside oan te pakken.
Wat de berjochten oanbelanget, in berjocht is eins in side mei in standerttekst dy't jo maklik oan eltse side taheakje kinne (sjoch bygelyks Berjocht:Stobbe. Mar der binne ferskate ekstra fasiliteiten (sa as it meijaan fan parameters/eigenskippen) wermei allegear trúkjes úthelle wurde om hiel yngewikkelde saken foarinoar te krijen. Dat it giet wol wat fier om dêr op de fryske wikipedy in hiele útlis oer te jaan. Wy kinne miskien wol in útlis jaan oer de meast brûkte berjochten dy't wy hawwe. At jo mear oer witte wolle hoe at berjochten wurkje kinne jo ek ris sjen op nl:Help:Gebruik van sjablonen of en:Wikipedia:Template namespace
Theun 2 jan 2007, 20.37 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie Jelle,

Ik fyn it prachtich dat jo sa entûsjast binne mar wy moatte ek gjin wurk dûbel dwaan, ik haw it idee dat jo side Wikipedy:Klik hjir, eins al in selde soart side op ús wiki hat, nammentlik de Wikipedy:Mienskip side. Ek jo side Wikipedy:De belangrykste tips hat tink al in selde soart side troch Aliter oanmakke nammentlik Wikipedy:Brân mar los.
Ik fûn sels sa at Aliter it opset hie wol dúdlik, mar at jo saken misse mar toch op inselde soarte fan siden útkomme moatte we útsykje wat der krekt oan mankearret en dat oplosse tink ik. Mei wat oerlis moatte wy der wol útkomme.

Ik haw de siden mar efkens yn de Wikipedy nammeromte set om't soksoarte siden dêr thúshearre (en de siden mei de ferkearde nammen wiske).
De side Wikipedy:Klik hjir hat tink in net in goeie namme. Mar ik krij ek it idee dat de teksten yn it foargeande stikje fan Aliter jo net stimulearre hawwe om dêrop te klikken en te sjen wat dêr stiet, dus miskien moat sa'n soarte fan link der wol by (mar dan wol leafts ferwize nei in side dy't oars hiet as Klik hjir. Theun 3 jan 2007, 21.38 (CET)[beäntwurdzje]

Hoi Theun. Ik tink dat we de Wikipedy: klik Hjir en de wikipedy mienskip ynelkoar moatte dwaan. De stikjes fan Aliter binne hiel dúdlik, mar se binne oooh sa lang. In soart minsken hawwe gjin ferlet om hiele teksten troch te spitten. It moat hiel simpel útlein wurde. Koarte stikjes mei dúdlike teksten. De wikipedy mienskip moat sa makke wurde dat minsken sich rôpt fiele om te skriuwen. Ek moat er wat tsjinoer stean. Dat is dan ekstra kennis wat jo opdogge mar ek it frysk skriuwen sal snel ferbetterje.

Jo hawwe hielendal gelyk as jo fine dat de nammen net goed binne. Mar as wy de twa siden ynelkoar heakje dan wurdt it Wikipedy: Mienskip. As jo tinke dat it oars moat, of as jo foto’s net moai fine, reach er asjeblyft yn om. We moatte in sa’n moai en dúdlik mogelike haadside meitsje mei in goeie útlis. Jelle 4 jan 2007, 17.00 (CET)[beäntwurdzje]


Goeie Jelle en Theun

Ik haw op it ûntwerp nije haadside in pear bewurkingen dien. Wy moatte neffens my nei de gruttere wikipedy's sjen en net alles sels op 'e nij útfine. Ik fyn benammen de râne om de tekst wichtig (koprâne), mar wy sille lykas altyd demokratysk ta in beslút komme.
Kening Aldgilles 7 jan 2007, 23.07 (CET)[beäntwurdzje]


  • De râne om de tekst hinne is hiel belangerik. Ik soe wol graach de kleuren wat flitsender wolle hawwe. Miskien read mei blau ferwisjend nei de Fryske flagge. En miskien moatte er ek noch wat mear foto’s en of plaatsjes op de haadside.Ik sil er sels ek wer mei oan de slach. Groet Jelle 8 jan 2007, 12.42 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw noch efkes in alternative opmaak besocht (opset foar it grutste part kopiearre fan nds-nl:Heufdpagina (mei tank oan Servien). Ik fyn de rânen om de kopkes wol aardich, en de plaatsjes ek wol.
De fryske wikipedy kin en sil nea in kopy wurde fan de gruttere wikipedys, der hawwe wy gewoan de minsken net foar. Om op de foarside in stikje mei Yn it nijs en Dei yn de histoarje (yn plak fan de moanne yn de histoarje) is fansels op it stuit te folle wurk om by te hâlden.
@Jelle, we moatte tink net mei te opfallende kleuren wurkje, dan wurd it lêzen fan de tekst net better op. Ik fûn it opsich wol aardich om dy pompeblêden sa te brûken, ynstee fan it boppestik op de hjoerdeiske haadside. Dit boppestik nimt in protte wite rûmte yn wat tink ik wat skande is. Theun 9 jan 2007, 17.34 (CET)[beäntwurdzje]
Servien hat syn ynspiraasje opdien op de haadside fan portegal :pt Theun 10 jan 2007, 22.20 (CET)[beäntwurdzje]

Bemerkings Mysha[boarne bewurkje]

At sa'n rigel mei plaatsjes in goed idee is foar Klik Hjir, is it dan ek in goed idee foar de Haadside? Foar mysels is dat my wat te drok, mar goed, dat is foar in oar faaks oars. It wolkom soe wolris wat oanpast wurde kinne. Sa koe "gjin garânsje" wat letter, nei't al útlein is dat eltsenien skriuwe kin. Dat "klik hir" is net echt moai. It liket krekt as leauwe wy dat ús besite net wit hoe't it Ynternet fungearret.

Ik soe ek sizze dat it hjir oan it begjin "de Fryske Wikipedy" wêze moat, dan kinne wy fierders prate oer "de wikipedy".

Dy nije kolom mei Nijsgjirrich moat noch wat feroarje yn opmaak. Ik wit net of it allegear krekt itselde moat mei dy kopkes, dy't no gjin kopkes binne, mar der soe al wat mear ferbân yn moatte. Plus, op it stuit strykt de HTML net.

Binne der al genôch minsken om soks by te hâlden? It moat ommers al Nijsgjirrich bliuwe. Mysha

Ik haw it sa opset dat der foar eltse moanne in nij berjocht makke wurde moat mei in trije nijsgjirrich items dy't ferwize nei in pear aardiche siden dy't wy hawwe en in lyts stikje út side fan de moanne. No haw ik foar it oanmeitsjen hjirfan net sa'n bulte tiid nedich hawn. Mei de knop Samar in Side besjogge jo in side as 30 en dan is der genoch ynspiraasje. At wy it yn elts gefal in moanne yn it foarút meitsje moat dat gjin swierrichheden jaan. De berjochten fan de moannen kinne wy sa hâlde, of wy dogge dit ek foar elts jier wêr oars, is wat mear wurk mar dat kinne wy no wol oan tink ik. Theun 9 jan 2007, 17.34 (CET)[beäntwurdzje]


Alternative opmaak[boarne bewurkje]

Ik haw noch efkens in oare opmaak besocht (de kop fan de side moat noch wol oars). Dit liket my wol aardich, ik haw dit foar it grutste part kopiearre fan :nds wêr't Servien drok dwaande is harren haadside opnij foarm te jaan. Om't dit wêr in hiele oare opmaak is haw ik it wêr efkes by my lokaal delset Meidogger:Theun/Haadside. Theun 9 jan 2007, 12.51 (CET)[beäntwurdzje]

Ik nim oan dat net eltsenien it sjocht, mar der kopkes binne net goed. De plaatsjes steane dêr krekt wat te folle nei rjochts en binne dêrtroch te ticht by de tekst. (En in part hat al in eftergrûn wylst oare part dat net hat.) It kin wêze dat dit komt trochdat it op in oare breedte dien is en der te folle absolút makke is. Mar wichtiger, der is gjin romte genôch om de kopkes hinne, foaral boppe de kopkes is it te drok om't oare tekst der te ticht op stiet. Der binne ek lytsere dinkjes, mar dit is it grutste. Mysha
Hokker kopkes bedoele jo dy fan Dizze moanne yn de histoarje en fan Wisten jo dat? Ik sil de romte tusken dizze kopkes en de boppesteande tekst wol wat grutter meitsje. At ik myn skerm smeller of breder meitsje bliuwt it wol dúdlik, allinich at it te smel wurd komt it rjochter plaatsje boppe it oare te stean.
Hawwe jo itselde at jo nds-nl:Heufdpagina besjogge?
Ik sjoch wol it plaatsje wat ik by Wisten jo dat derby set haw net mear goed. Hawwe oaren hjir ek swierrichheden mei? Theun 9 jan 2007, 17.34 (CET)[beäntwurdzje]
Gjin probleem yn Opera. 62.194.174.61 11 jan 2007, 09.50 (CET)[beäntwurdzje]
De swierrichheden mei de plaatsjes liken feroarsake troch it brûken fan thumbs, neidat ik dat fuorthelle haw wie it by my goed. Theun 11 jan 2007, 17.57 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat soarte fan kopkes. By dy Heufdpagina is de romte by de legere kopkes tafoege krekt as by dy mei "list"; by de boppenste kopkes troch in wytregel derfoar. By harren steane de piktorgammekes yn de kopkes ek net goed, of oars de tekst net fansels. Mar om my meie it ek wol gewoan balkjes mei allinnich kleur en tekst wêze. Op Wikipedy:Haadside Nij is no hast elts kopke wer oars foarme; faaks past dat dêr ek gewoan sa? Mysha
It like by my oars hiel strak, brûke jo soms it Keuls blau as Skin (ik bedoel side-oansjen Cologne Blue). By guon is de standert lettertype lytser en dan steane de plaatsje krekt wat heger. Ik sil nog in bytsje mear romte tusken it plaatsje en de tekst sette. Ik fyn it dochs wat oanklaaider mei dy plaatsjes. Theun 11 jan 2007, 17.57 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw hjir gewoan de Monobook-ynstellings. Dat stjerretsje by de side fan de moanne is no goed, mar by de oaren is der hieltiid noch te min romte. Nimme dy plaatsjes net likefolle breedte, of soks? (De tekst stiet ek krekt wat te heech yn it blokje, mar dat bart mear by Wikipedia. Dat is skynber net sa maklik.)
Dat ik sels leaver gjin plaatsjes yn de kopkes haw, dat leit der oan dat ik graach dúdlikens hawwe wol. (Op myn gebruikerspagina op nl: stiet dêr wat mear oer.) Dêrom haw ik leaver net titelbalken dy't fan kleur feroarje, piktogrammen dy't neat sizze, of rûne hoeken dy't minder dúdlik meitsje wêr't in blokje ophâldt. Foar my is dy ûndúdlikens folle wichtiger as oft it neifolging is fan de styl fan de dei (dat wol sizze de Microsoft fan dizze jierren). Mar, dat is wêrom ik dêroer sei: "om my".
It is al sa dat der noch wat net goed is by de skiednis fan dizze moanne. Sa binne der no bygelyks twa kopkes. Mysha

Ik fyn it in hiele ferbettering, dy nije haadside! Allinich al dy pompebledden foar alle haadûnderwerpen gean my wat te fier: Wy binne de Frysktalige Wikipedy, net de Fryske, en wy soenen dan ek op de hiele wrâld rjochte wêze. Steinbach (WanabeFries) 11 jan 2007, 12.01 (CET)[beäntwurdzje]

Ik fyn it wol aardich dat net sa drok is as by oare talen. Troch dy pompeblêden, mar dan mei in transparante eftergrûn fansels en krekt wat mear ôfstân ta de tekst, is it folle makliker te lêzen. Mysha
Ik fûn dy pompeblêden wol aardich. Der sil net ien fryske memmetaal sprekker moaite mei hawwe. De fryske flagge as koarte broek, tafelkleed ensfh. hoecht fan my sels ek net. Mar ik tink wol dat wy mei gebrûk fan wat mear fryske symboalen wat mear nije meidoggers lûke kinne. (En ik fûn dat de twa pompebledden út de kop wol earne oars tebek komme moasten.
Der binne tink al genôch drompels wêrom minsken net meidogge:
  • se kinne net frysk skriuwe (net goed genôch neffens harsels)
  • se kinne net mei de wiki oerwei (of net mei de kompjûter yn't algemien)
Meidogger:Skipper is ek al wat oan't besykjen mei plaatsjes oar de haadûnderwerpen. Dit kin fansels ek yn't plak fan de pompebledden. Theun 11 jan 2007, 17.57 (CET)[beäntwurdzje]
Der kinne wol plaatsjes delsetten wurde, mar wurdt de side dêr wier brûkberder fan? Of betsjut dat allinnich dat wy noch jierren tsjin dy piktogrammen sjogge dêr't wy dan al lang goed siik fan binne? (Hoe wurdt dat sein yn it Frysk?) Snobbersguod foar de eagen is sa'n bytsje itselde as grapkes yn reklameboadskippen: at it net tige goed dien wurdt, dan wurdt it troch it werheljen finaal oan flarden lutsen. (Ik nim oan, dêr is in prachtich wurdt foar, dat ik noch net wit.)
Ik haw hjir de ferskate kopkes mear itselde makke, dat dúdliker wurdt wat wêr by heart. Is dit better? Mysha
@Theun en Mysha: Ja, it is fansels goed as der mear potensjeale meidoggers nei fy: lutsen wurde, mar it giet eins tsjin de prinsipes fan neutraliteit, dy't Wikipedia sa heech hellet, yn. Ik sis net dat it bruken fan dy pompebledden no in died fan nationalisme is, ik fyn allinich dat je dat NPOV-prinsipe noait út it each ferlieze moatte, dêrom begjin ik der mar oer. Stil dy as fergliking (?) in Dútske earend (?, sorry, ik moat echt ris in wurdboek keapje!) foar elts fan dy kopkes foar op de:, of in kousebân op de Ingelske haadside. Ja ok, no binne de sprekkers fan it Frysk in stik homogeaner oer ien gebiet ferdield (op 3.000 grins-grinslanners nei allegeare Friezen of Friezen ôm utens, en fierders noch wat malloaten dy't it aardich fine it ek te learjen), mar myn beswear bliuwt: wat hat de Fryske flagge te krijen mei eksakte wittenskip, sosjale wittenskip, tapaste wittenskip ensf.? Steinbach (WanabeFries) 13 jan 2007, 11.17 (CET)[beäntwurdzje]

Beste Theun Ik fin de haadside dy’t jo makke haw erch moai. Gearfetsjend, myn kompliminten. Jelle 13 jan 2007, 15.31 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw de pompeblêden dochs mar fuorthelle. Steinbach syn argumint dat bygelyks eksakte wittenskippen of soksawot neat mei Frysk te dwaan hawwe fyn ik wol oannimlik.
Ik wit net wat Mysha en Kening Aldgilles derfân fine, miskien fine dy dit wat te kleurig. Ik tink wol dat wy mei de kleurige wikibars wol wêr hielendal by de (wiki)tiid binne.
Miskien is it in idee om earst mar it sa mar te dwaan, wy moatte dan tink ik wol noch nei de ynhâld sjen. Ik haw no in hiel stik oer de wikipedy sels fuorthelle, in part dêrfan moat noch op de nije mienskipside derby, en guon saken binne dêr ek dûbelt.
Moatte wy de mienskipsside ek yn dizze styl opsette?
Ik tink dat begjin febrewaris wol in goed tiidstip is om de nije haadside op de haadside te setten (dan feroarje ik de berjochten fan jannewaris nei febrewaris en moatte wy de berjochten foar de kommende moannen mar yn it foar meitsje.
Ik wol noch wol opmerke dat ik FireFox brûk en ik balken/kaders mei rûne hoeken haw, yn de koade dy't ik kopiearre haw binne spesifyke mozilla tags opnaam sadat it mei IE of Opera oars útsjocht.
It berjocht fan de moanne moat ynhâldlik dan noch wol oanpast wurde dat dêr net twa kopkes binne mar dat komt wol klear.
It is fierders ek wol sa dat de measte behearsiden mei útlis allegear yn it begjin fan de wiki opset binne, der is yn dy tiid wol aardich wat feroare dus moatte we eins ek allegear ris neirinne. Mar goed alles op syn tiid en ien ding tagely oanpakke.Theun 13 jan 2007, 15.52 (CET) Theun 13 jan 2007, 15.52 (CET)[beäntwurdzje]
      • De haadside fan Theun sjocht der poerbêst út. Wy kinne noch oant 2008 eamljen, mar om my kin de nije haadside no wol online.

Kening Aldgilles 13 jan 2007, 16.41 (CET)[beäntwurdzje]

Dan sil ik it wol omsette, details kinne we fansels altiten wol oanpasse, en dêr eamelje we fansesl ek noch wol efkes oer ;). De Mienskipside lit ik earst sa stean mar dêr moatte we noch wol mei oan de gong bliuwe. Theun 13 jan 2007, 18.02 (CET)[beäntwurdzje]

Sa earst mar, binne der noch saken dy't oanpast wurde moatte dan kin we dat oerlis hjir wol trochsette tink me. Theun 13 jan 2007, 19.50 (CET)[beäntwurdzje]

Bemerkings[boarne bewurkje]

Och, ik hie it leau ik al sein, mar hjir binne noch wat dingen net by yn oarder.

Ik sjoch jo hawwe dêr noch efkes mei in kritysk each nei sjoen, hiele goeie saak. De measte saken haw ik trochfiert. In oantal saken haw ik noch wat opmerkings by en in pear opmerkings is fansels in saak fan persoanlike foarkar, miskien kinne wy dêr noch oer stemme.
Myn opmerkings haw ik der mar tuskenset
Ik wol ek opmerke dat in bulte opmerkings ek fan tapassing wiene op de âlde Haadside.
Net altiten ek op de âlde haadside, mar faak al op it oare útstel. Ja, dat wit ik, mar ik hie tocht dat wy dêr oanta komme soenen at wy it grutte idee ynkear optocht hienen. Allinnich stie it doe ynienen al op de haadside.
Ja dat gie miskien wol wat te hurd, oan de oare kant wy moatte ek net te lang wachtsje om't we noch net hielendal tefreden binne. Mar wy moatte no net tinke dat it no klear is, dus opmerkings binne altiten wolkom. En oanpassings fansels ek ;).
  • Dat it uterlik net itselde is yn Firefox as yn Ynternet Explorer wie al neamd.
  • De earste regels binne wat lyts; dit is by útsûndering in gefal dêr't it brûken fan in grutter lettertype in doel hat.
Oanpast.
  • It earste wat wy sizze yn de gewoane tekst is no "Gjin garânsje!"; wêrom net: Frij te bewurkjen - meidwaan - lykwols gjin garânsje?
Oanpast.
  • Dit stikje dêr't de pompeblêden no al steane is sa ferskriklike asymmetrysk wurden. Dêrûnder is wat te min romte.
Oanpast.
  • "Ensyklopedy" is net goed stavere.
Oanpast. Wol in reade ferwizing, moatte dy side noch mar ris oanmeitsje.
  • Sa't it no yndield is, is de ensyklopedy net sa wichtich, de side is foar it nijsgjirrige en dêr rjochts is dan ek noch in smel stikje foar de ensyklopedy.
Ik haw de yndieling fan :nds oanhâlden. It kaam op himsels ek aardich út mei de romte dy't brûkt wurd troch de trije per moanne te feroarjen stikjes en it ensyklopedy stik.
De ynhâld fan Ensyklopedy moat eins hielendal ris neisjoen wurde. De kar foar de siden is in wat willekeurich en histoarysk sa groeit, de struktuer ûntbrekt no wol in bytsje. Mar ferskillende portealen sa as op oare wiki's wol dien wurdt is noch wêr in bulte ekstra wurk dat ik foareerst net sitten sjoch.
Nee, dat mei dy portalen, dat wit ik ek noch net. Mar no hawwe wy de ensyklopedy net as earste op de side en it is ek de smelste kolom. Wurdt dat net wat te folle in útherne?
Ik haw de kolommen no gelikens wiid makke.
Wy kinne dat part fansels ek wol oan de linkerkant delsette. Makket my net safolle út. Ik soe eins earst wol de ynhâld fan dat part ris lâns rinne wolle. Siden as Lokale Skiednis hawwe no net in ynhâld wêr't je fierder mei komme. En sa is it fan in protte siden yn dit rychje.
  • De plaatsjes yn de kopkes haw ik al wat fan sein.
Ik sil nochris in oar foarstel meitsje, mei rjochte hoeken en sa't de wikibars neffens de makkers brûkt wurde moatte neffens de omskriuwing op commons. Miskien lost dat meardere saken op (ek it Mozilla spesifyke stik). Kinne we it ferskil sjen.
Oef wat in ferskil; ynienen is der ek balâns tusken de kopkes en de ynhâld! Foar my folle dúdliker.
  • Komt der net in spaasje nei "Wisten jo dat"?
  • Koe it ek "Witte jo dat ..." wêze.
It kin, makket my eins neat út. Ik haw al efkes in rûntsje oer de oare wiki's makke en it wurd neffens my altiten yn de doetiid oantsjut.
  • Gjin komma nei "It Bilt". Al in skrapke nei Joaris mei it Burd. It wurd "ôfbyld" is ferkeard stavere.
Oanpast.
  • De manier om oan te tsjutten hokfoar yngong by it "ôfbyld" heart wie earder in pylke; no brûke twa fan de trije it wurd "(ôfbyld)", wat in ûnderbrekking fan de tekst is.
De manier om it ôfbyld oan te tsjutten wie net sa ienriedich. Op in pear moannesiden wie it mei in pylkje, op in pear mei in kader om it ôfbyld mei omskriuwing en op in pear moannesiden moasten je der mar nei ride wêr it ôfbyld by hearde.
Ik haw de kaders fuorthelle om't dit romte skilt. Doe haw ik de kar makke om it mei it wurd (ôfbyld) oan te jaan, dit wurd bygelyks ek op :en dien. It pylkje haw ik eins praktysk wat problemen mei, om't de breedte fan it skerm foar eltsenien oars is rinne je it grutte risiko dat it pylkje net nei it ôfbyld wiest mar der boppe lâns of ûndertroch. (Ek fyn ik it persoanlik net sa'n moaie oplossing).
Miskien in idee om't sa te dwaan as op :de. Gjin ferwizing yn de tekst of oare manier, mar at jo oer it ôfbyld hinne geane mei de mûs komt de omskriuwing yn byld.
Ik leau dat hja by de: keazen hawwe altiten de earste yngong in yllustraasje te jaan. Dêrom kin it dêr sûnder.
Is net altiten sa, en it is fansels by de moanne wol logysk om de foarfallen op oprinnende dei op te nimmen. En it earste foarfal hat net altiten it geskiktste ôfbyld.
Sa as by febrewaris fyn ik it wol aardich, sa earst mar hâlde?
  • Skrapke efter Saksen. "Súdhollânske" mei in grutte letter. Dat tal bruorren sil grif net sa grut wêze dat it net neamd wurde kin. It Bilt is net "oanlein", it lei der al, mar der binne diken omhinne lein - it is droech makke.
Oanpast.
  • De nammeromte fan dy listen is ferkeard stavere.
Oanpast.
Mar fansels sjoch ik earst no dat "ynfo" ek ferkeard stavere is.
Falt net ta om't yn twa kear goed te dwaan, noch mar ris in tredde kear besykje.
  • (At dy list nei ûnder waakst, komme de resinte teksten hieltiten fierder fuort te lizzen.)
Is fansels in saak fan persoanlike foarkar, it makket my net in protte út. Ik fûn it wol logysk om siden ûnderoan ta te heakjen. Dogge wy op oerlissiden ek, mar dêr haw ik ek alris kommentaar op hawn (ik tocht fan Swarte kees).
Ja, mar yn dit gefal is de lêzer op de haadside al by in spesifike yngong. At dy list langer wurdt, dan sil dy sa net iens mear yn byld wêze nei't er dy keppeling folge hat.
Miskien dan by de jierren dy boppe-oan taheakje, om de moannen yn ôfrinnende folchoarder te setten grizet my oan.
  • "Lês mear ..." soe ek mei in spaasje en trije stippen wêze kinne, en faaks moat it wat fierder ôfskieden wurde.
Oanpast. (ôfskieden neat oan dien, miskien noch ris nei sjen)
  • Skrapke nei "Betlehim". Dat "troch Freark ..." koe better efter "stifte". It Feanbeiblaujurkje komt neffens my ek noch wol yn oare lannen foar.
Oanpast.
  • By my is it kopke oer de foarmoanne te breed: it nimt twa regels om't der net oer it plaatsje oan de efterkant hinne skreaun wurdt. (Oarsom: it plaatsje stiet net yn de eftergrûn?) It is ek wat nuver dat dit it ienichste kopke is wat feroaret.
Ik sil besykje it wiki-plaatsje yn de eftergrûn te krijen. Alle kopkes feroarje at je it skerm lytser meitsje. Ik haw standert wat hegere resolúsje (of grutter skerm) dan jo, dus dat wie my net sa opfollen.
Nee, dat wie net wêr't ik op doelde. At der in nije moanne komt, dan komt allinnich yn dit kopke in oare tekst; de oare kopkes binne permanint.
Dat is wier, ik fyn it net slim. Ik woe dochs eins wol de oare nammen fan de moanne deryn hawwe en om no fuort under it kopke, dizze moanne yn de histoarje te fermelden, febrewaris wurd ek wol de selle(moanne) neamt, haw ik dizze oplossing keazen. Ik fûn it eins wol koart en dúdlik.
De tekst oer it ôfbyld hinne rinne litte wol my sa hurd net slachje (bin ek net sa'n HTML ekspert), fyn ik wol spitich. At jo it standert op folle breedte fan it skerm gjin romte hawwe foar dat kopke mei it plaatsje moatte de wikibar plaatsjes mar fuort. Sjoch wer Meidogger:Theun/Haadside.
Strikt sjoen is dit net folle breedte, mar al de fêste ynstelling dy't hjir foar IE brûkt wurdt.
  • De lêste twa yngangen by de histoarje soenen deselde foarn hawwe moatte.
Oanpast.
  • Yn it blok fan de Ensyklopedy einigje de measte blokjes op in stip, mar net alle.
Oanpast.
  • Trochdat net alle kopkes hjir keppelings binne is der dêryn ferskil yn kleur.
Wie ek al sa, Oersjochsiden hawwe we no fansels folle mear fan krigen. Is noch wol wat oan te ferbetterjen.
  • Wat is it ferbân foar "Oare talen" mei it kopke derfoar mei deselde kleur?
Hokker twa kopkes bedoele jo krekt, Oare talen en Oare Frysktalige Wikimedia projeken? It kopke oar de moanne yn de histoarje hat wol in oare kleur.
Doe't ik dat skreau hie de moanne yn de histoarje deselde kleur, of hie dat by my.
Neffens my haw ik dy kleuren net mear oanpast, mar de ien of de oare monitor dat skilt nochal, op myn laptop lykje dy kleuren wol hiel bot op inoar.
  • Is it meartal fan "wikipedy" wier "wikipedia"?
Oanpast.
  • Der steane skrapkes yn de tallen, yn stee fan punten. De omskriuwing fan de Nederlânske wikipedy wykt ôf.
Oanpast.
Oanpast.
  • Moat "folsleine list" faaks as "Folsleine list." skreaun wurde? Neffens my is "Frysktalige" mei in grutte letter. "Wikimedia" is in namme dat dat moat wis mei in grutte letter.
Oanpast.
  • Under is mear romte frijlitten as boppe.
Wat bedoel jo hjir krekt mei ??
It is net slim, mar oan de boppekant fan it grize ramt bliuwt wat minder wytromte oer as oan de ûnderkant.

Dat wie it sa'n bitsje. Ik nim oan it is no dúdlik wêrom it yndie wol doel hân hie noch wat te eameljen, sels al hie eltsenien tefreeds west mei de nijste ferzje fan Theun. Sterkte tawinske, Mysha

Ik hoopje dat jo it sa wêr wat better fine. Theun 15 jan 2007, 20.12 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, folle better. Mysha
Noch betanke dat jo de stikken foar febrewaris efkes neisjoen hawwe. Ik hie sels ek al in pear flaterkes sjoen. Ik hie dy stikken efkes snel oanmakke en letter nochris oersjoen mar dan ûntgiet je wolris wat. Theun 1 feb 2007, 19.38 (CET)[beäntwurdzje]

Problemen mei IE6[boarne bewurkje]

Ik kaam der achter dat mei IE6 de lytse plaatsje net de goeie eftergrûn hawwe, sy hawwe in wite fjouwerkant kader as eftergrûn. Fierder hie Mysha swierrichheden mei de wiki-bar plaatsjes at hy it standert iepene, in dûbele rigel liket hiel nûver. Ek de rûne kaders wiene allinnich sichtber yn Firefox. Om al dizze redenen haw ik it earst mar wat simpeler makke. Theun 16 jan 2007, 21.25 (CET)[beäntwurdzje]