Meidogger oerlis:Pyt fan Jan

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

BOUD tydskrift fora arsjitektuer en foarmjouwing yn Fryslân 1984-1988[boarne bewurkje]

BOUD (tydskrift)

BOUD is de namme fan it tydskrift foar arsjitektuer en foarmjouwing yn Fryslân, dat tusken jannewaris 1984 en desimber 1988 ferskynde.

Namme BOUD is it Fryske ôfslutend mulwurd fan bouwe. Yn it Hollânsk betsjut boud û. m. : driest, ferm, gedurfd, onversaagd, sterk en zelfverzekerd. De namme symbolisearret it redaksjeprogram fan BOUD: in dúdlike opiny jaan oer wat boud is of noch boud wurdt yn de provinsje Fryslân.

Ynhâld BOUD telt yn de fiif útbrochte jiergongen mei-elkoar tweintich nûmers en 702 redaksjonele siden. De redaksje en in tal skriuwers fan bûten soargen foar moai yllustrearre, beskriuwende en skôgjende artikels oer krekt realisearre, noch te realisearjen en histoaryske gebouwen, byldzjende keunsten en romtlike oardering. De sân temanûmers geane oer it oansjen fan de Amelanner fearboaten (84/3), de mearfâldige opdracht foar in winkelkompleks yn de Ljouwerter binnenstêd (84/4), 'Bûten' (85/5), in sketstoernoai foar de Ljouwerter Kânslerij (86/10), de Stichting Moderne Architectuur Friesland (87/15), Fryslân en de fjirde nota Ruimtelijke Ordening (88/18) en de 'nacht van de architectuur' (88/19).

Redaksje De earste trije jier bestie de redaksje út Allaard Hidding, Coen Huese, Simen Kingma, Huub Mous, Piet Timans en Rudolf Wielinga, fan de twadde jiergong ôf útwreide mei Eline Taselaar. Yn it lêste jier fan ferskinen waard de redaksje foarme troch Tjeerd Brouwer, Rienk Terpstra en Piet Timans.

Utjouwer BOUD waard útjûn troch de Stichting Fryske Kultuerried, de yn de jierren 1945-1992 warbere provinsjale kulturele ried fan Fryslân.