Meidogger oerlis:Larswag

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Boadskip[boarne bewurkje]

Ik haw in boadskip foar jo efterlitten op Oerlis:Aoibhinn Ní Shúilleabháin. Ik haw jo dêr 'pingd', mar ik wit net oft dat wol wurket as jo noch gjin meidoggersside oanmakke hawwe. Foar de wissichheid hjir ek noch mar even oanjûn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mrt 2023, 21.42 (CEST)[beäntwurdzje]

P.S.: Noch even wat oars. Ik haw by Hanneke Frankema de ynfoboks der even yn syn geheel yn set. Soene jo dat tenei ek dwaan wolle? De lemma's dy't jo net brûke kinne jo gewoan leech litte, want as jo it "antwurd" (sil ik it mar even neame) net ynfolje, ferskynt de "fraach" ek net yn 'e ynfoboks. Mar it is foar oare meidoggers dy't dizze side neitiid redigearje wol hiel handich as de ynfoboks der al hielendal yn stiet. Om in foarbyld te jaan: de persoan oer wa't sa'n biografy giet, hat fansels ek net it ivige libben. As dan de lemma's "stoarn" en "stjerplak" der alfêst yn steane, kin dy by in ferstjerren sa ynfolle wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mrt 2023, 21.59 (CEST)[beäntwurdzje]