Meidogger oerlis:62.59.132.80

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik haw de Fryslân-side tebekset nei de eardere ferzje. Dat is net om't jo ynformaasje net wurdearre wurdt, mar om't it plak net praktysk wie. As de titel Fryslân net foar de provinsje brûkt wurdt, dan betsjut dat dat eltse kear dat men de provinsje keppelje wol, men [[|Fryslân (provinsje)|Fryslân]] skriuwe moat, yn stee fan [[Fryslân]]. Mar fansels moat der al in side komme dy't mei alle Fryske gebieten keppele is, en oarsom. En dan ek de siden oer de oare Fryske gebieten, mei û.o. de ynformaasje dy't jo bydroegen hawwe. Hawwe jo der nocht oan en skriuw dy siden?

Tank foar jo oanpassings fan de Warkum-side. Sa't ik al skreaun hie wie it wat in rommeltsje. As der noch in pear kear oan ferbettere wurdt, moat it in floeiend ferhaal wurde kinne.

Ik seach jo hawwe ek belangstelling foar talen. Witte jo der genoch fan om der in pear siden oer te skriuwen? We hawwe foar de taal fan Nederlân "Nederlânsk" keazen, mar der moat noch in side komme dy't dúdlik makket dat Nederlânsk net yn Hollân ûnstean is, al wurdt it ek "Hollânsk" neamd. En sa ek foar Dútsk, dêr't op de side útlein wurde moat dat it formeel Heech-Dútsk is, ensfh.

Noch wat oars: As jo wolle, kinne jo jo oanmelde by de Wikipedy. Dan kinne jo in brûkersnamme opjouwe, sadat jo oanpassings net mear oan brûker 62.59.132.80 taskreaun wurde, mar oan eat wat al lêsber is. Jo soenen jo signatuer bygelyks ynstelle kinne op "HWJ", wat jo dan mei ~~~ of ~~~~ op oerlissiden skriuwe kinne. Lykas dit: Aliter 00.40, 8 dec 2003 (UTC)


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.