Meidogger:Sybrand/Spaanske Revolúsje (1936-1939)

Ut Wikipedy

De Spaanske Revolúsje wie de maatskaplike en ekonomyske revolúsje yn de Spaanske Boargeroarloch (19361939), wêrby't in grut part fan de bedriuwen yn ferskate dielen fan Spanje oarnommen waarden troch de wurknimmers. Dit arbeidersselsbestjoer wie ûnderdiel fan de anargistyske antykapitalistyske organisaasjeprinsipen. It swiertepunt fan it anargistyske arbeidersselsbestjoer lei yn Kataloanje en Aragon, maar foar in lytser part ek yn Kastylje, Levante en Andalûsje. Meastentiids wie it arbeidersselsbestjoer basearre op de prinsipen fan it kollektyf-anargisme en yn in pear gefallen wie it basearre op it anargokommunisme.

De grutte oanjeier fan de koöperaasjes (ek wol kollektiven of assosjaasjes neamd) wie it anargosyndikalistyske fakbûn Confederación Nacional del Trabajo (CNT). Ek waard it stipe troch de antystalinistyske Partido Obrero de Unificación Marxista (POUM). Yn totaal wienen om 1,8 miljoen arbeidskreften hinne dy't wurken yn arbeidersassosjaasjes. Tsjinstanners fan it arbeidersselsbestjoer bestienen út oanhingers fan it nasjonalistyske kamp en bepaalde groepen yn it republikeinske kamp, nammentlik de Kommunistyske Partij fan Spanje, de Spaanske Sosjalistyske Arbeiderspartij en de liberale republikeinen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Spaanske parlemintsferkiezingen fan febrewaris 1936 waarden wûn troch it Folksfront. Nei de ferkiezingen foarmen liberale republikeinen tegearre it regear fan de Twadde Spaanske Republyk. It regear waard yn it parlemint stipe troch sosjalistyske partijen en de kommunistyske partij. Dit minderheidsregear koe dêrtroch yn in protte gefallen rekkenje op in mearderheid yn it parlemint. Tsjinstanners fan it regear begûnen yn maaie 1936 in steatsgreep te organisearjen ûnder lieding fan generaal Emilio Mola. Under lieding fan Mola, José Sanjurjo en Francisco Franco waard de Spaanske steatsgreep fan july 1936 útfierd. De kûpplegers bestienen út fassistyske falangisten, karlisten, alfonsisten, CEDA en militêren. Dizze steatsgreep feroarsake de Spaanske boargeroarloch.

Kaartsje fan in kollektivisearre bioskoop.

De liberalen, anargisten, sosjalisten, kommunisten en autonomybewegingen yn Kataloanje en Baskelân fersetten harren tsjin de steatsgreep. Benammen yn Kataloanje en dielen fan Aragon wienen de CNT-leden wichtich yn it sukses fan it ôfslaan fan de nasjonalistyske kûpplegers. De CNT is yn 1910 oprjochte en hie neffens plysjedokuminten út 1935 doe sa'n 1,58 miljoen leden. De Spaanske nasjonalistyske kûpplegers foelen Barselona op 17 july 1936 oan. De anargisten namen wapens út it legerdepot en ferjagen tegearre mei loyalistyske soldaten de nasjonalistyske soldaten út Barselona. Op 19 july wienen de measte gefjochten dien. Grutte dielen fan de yndustry yn Kataloanje waard ûnder arbeidersselsbestjoer brocht, lykas dy fan tekstyl, itensferwurking, glês, metaal, gemy, houtbewurking, mar ek de nutsfoarsjenningen. Ek tsjinsten lykas sûnenssoarch, iepenbier ferfier, ûnderwiis, kappers, hoareka, teäters en bioskopen waarden troch de arbeiders sels fia assosjaasjes organisearre. De lânbou waard ek yn grutte dielen fan Spanje organisearre neffens anargistyske prinsipen.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in soad bedriuwen wienen de eigener of it behear flechte nei de nederlaach fan de nasjonalisten yn republikeins behâlden gebiet. By dizze bedriuwen waarden arbeiderskomitees oprjochte om de produksje troch te setten. Sy waarden bystien troch de fakbûnen CNT en UGT. It liederskip fan de UGT wie oer it algemien negatyf oer it omfoarmjen fan priveebedriuwen nei koöperaasjes, mar in protte leden fan pleatslike ôfdielingen fan de UGT stipen it arbeidersselsbestjoer. Op it hichtepunt wienen yn Kataloanje en Aragon likernôch 70% fan de arbeidskreften belutsen by koöperaasjes. Der wienen hast 800.000 lânbouwers en mear as ien miljoen minsken yn de yndustry wurksum by de kollektiven yn hiel Spanje. By net-kollektivisearre fabriken waarden kontrolearjende rieden yntrodusearre wêr't de wurknimmers út harren midden ôffeardigen keazen om ta te sjen op de produksje.

It anargosyndikalisme is de anargistyske streaming dat in anargistyske maatskippij realisearje wol troch de arbeiders en boeren te ferienjen yn fakbûnen dy't stribbet nei sawol hegere leanen en ferbettere arbeidsomstannichheden by it kapitalisme, as nei in antykapitalistyske anargistyske maatskippij. Yn earste ynstânsje wie it kollektyf-anargisme fan Michail Bakoenin by de mearderheid it haaddoel fan it anargosyndikalisme, mar rûn 1920 waard it anargokommunisme fan Peter Kropotkin populêrder. De measte Spaanske oanhingers fan it anargokommunisme tochten dat earst it kollektyf-anargisme ûntstean soe en dat dizze stadich oan en frijwillich oergean soe nei it anargokommunisme. Yn tsjinstelling ta oare foarstanners fan it kollektyf-anargisme en it anargokommunisme soenen by it anargosyndikalisme de federaasje fan de assosjaasjes yntegrearre wêze yn de anargosyndikalistyske fakbûnsstruktuer.

Froulike leden fan in CNT-milysje yn july 1936.

Yn de revolúsje waard gelikenens fan man en frou promoate. In wichtige anargafeministyske organisaasje wie de Mujeres Libres, mei likernôch 30.000 leden dy't ûnder oare skoallen oprjochten. By de republikeinse troepen en anargistyske milysjes waarden frouwen talitten as striders. Op syn heechst tûzen frouwen fjochten direkt oan it front, wylst tûzenen frouwen in stypjende rol spilen by it oarlochswêzen.

Troch de anargistyske jongereinbeweging Juventud Libertaria fan Barcelona waard in folksuniversiteit oprjochte, wêr't it deiliks bestjoer bestie út in delegaasje fan leararen, âlders en studinten.

Industriële collectieven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poster fan de CNT oer arbeidersselsbestjoer yn tekstylfabriken.

De wichtichste yndustry yn Kataloanje wie de tekstylyndustry mei in kwart miljoen wurknimmers. Dêrfan wienen 170.000 lid fan de CNT en 60.000 fan de UGT. Yn in soad tekstylfabriken waard it arbeidersselsbestjoer ynfierd. De arbeiders keazen út harren midden in bedriuwsried en der waard in tekstylfederaasje oprjochte fan alle fabriken. Tekstylfabriken mei bûtenlânske ynvestearders waarden net ûnder arbeidersselsbestjoer brocht. Dêr waarden wol kontrôlerieden ynfierd wêr't de arbeiders de hannelingen fan it bedriuwsbestjoer kontrolearren. De federaasje regele de bûtenlanske ynkeap fan grûnstoffen, dy't mei-inoar dien waard, wêrtroch't in soad jild besparre waard. Ut dizze tekstylfederaasje wei waarden ferskate kliniken en kresjes boud en de arbeidsomstannichheden waarden ferbettere. Alle keazen ôffeardigen wienen op elts momint ôfsetber. [[Kategory:Anargisme]] [[Kategory:Skiednis fan Spanje]] [[Kategory:Sosjalisme]] [[Kategory:Spaanske Boargeroarloch]]