Springe nei ynhâld

Meheti‘a

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Meheti’a)
Meheti‘a
In yllustraasje út 1769 dy't it oansjoch fan Meheti‘a op seenivo werjout.
In yllustraasje út 1769 dy't it oansjoch fan Meheti‘a op seenivo werjout.
polityk en geografy
soarte gebieteilân
lân Frankryk
oerseeske kollekt. Frânsk-Polyneezje
bestj. ûnderferdielingBoppewynske Eilannen
gemeenteTai‘arapu-Est
heechste berchFare‘ura
arsjipelGenoatskipseilannen
sifers
ynwennertaln.f.t. (ûnbewenne)
oerflak2,3 km²
heechste punt435 m
oar
tiidsôneUTC –10.00
simmertiidgjint
koördinaten17°52′ S 148°04′ W
kaart
Meheti‘a (Frânsk-Polyneezje)
Meheti‘a
De lizzing fan Meheti‘a yn Frânsk-Polyneezje.

Meheti‘a of Me‘eti‘a (Tahitiaanske útspr.: [meˈhetiʔa], likernôch: "mee-hee-ty-ah", of [meˈʔetiʔa], likernôch: "mee-ee-ty-ah"), ek wol stavere as Mehetia, is in ûnbewenne eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It heart ta de arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje.

Meheti‘a leit yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener. Geografysk makket it diel út fan 'e Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio fan Polyneezje heart. It is it eastlikst leine eilân fan 'e Genoatskipseilannen. It neiste buoreilân fan Meheti‘a is Tahity, dat 110 km nei it westen ta leit.

Meheti‘a is in heech, fulkanysk eilân mei in oerflak fan 2,3 km². It is eins de top fan in aktive fulkaan dy't boppe de seespegel útstekt. Dy fulkaan, mei in hichte fan 435 m boppe seenivo, hjit de Fare‘ura. De top bestiet út in semy-sirkulêre râne mei in djippe fulkaankrater. It eilân hat net folle begroeiïng, mar der is al in lyts koraalrif om 'e kust hinne, dat op 'e ûnderwetterskeanten fan 'e fulkaan oangroeid is.

Meheti‘a is in jonge, aktive stratofulkaan, dy't op it plak leit fan 'e fulkanyske hotspot dêr't de measten fan 'e Genoatskipseilannen yn in fier ferline troch fulkaanútbarstings ûntstien binne. Troch de stadige tektoanyske beweging fan 'e Pasifyske Plaat yn 'e rjochting fan it westnoardwesten lizze dy eilannen no yn in string dy kant út. Dat Meheti‘a boppe de hotspot leit en eins no noch altyd hiel stadich foarme wurdt, ferklearret ek wêrom't it it eastlikste fan alle Genoatskipseilannen is.

In lânkaart fan 'e Genoatskipseilannen. Meheti‘a leit eastlik fan Tahity, tsjin 'e rjochterrâne fan 'e kaart oan.

De mûnlinge oerlevering fan 'e Tahitianen wol hawwe dat Polynezyske seefarders Meheti‘a, dat as in hillich plak beskôge waard, oandiene op harren lange reis dy't úteinlings resultearje soe yn harren ûntdekking en kolonisaasje fan Nij-Seelân. Dy oerlevering wurdt befêstige troch de fynst fan stiennen op it Sudereilân fan Nij-Seelân dy't troch geologen weromtrasearre binne nei Meheti‘a.

De earste Jeropeänen dy't Meheti‘a te sjen krigen, wiene op 9 febrewaris 1606 de leden fan 'e ekspedysje fan 'e Portegeeske ûntdekkingsreizger Pedro Fernandes de Queirós, dy't fear yn 'e tsjinst fan 'e Spaanske Kroan. Queirós joech it eilân de namme Decena, dat yn it Spaansk "Tsien" betsjut. Letter waard Meheti‘a yn 1767 sjoen troch de Britske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis en in jier letter troch de Frânske ûntdekkingsreizger Louis Antoine de Bougainville. Yn 1772 sylde ek de Spaanske ekspedysje fan Domingo de Bonechea by it eilân lâns. De Britten joegen Meheti‘a de namme Osnaburg Island, wylst Bonechea it San Cristóbal neamde. Net ien fan dy nammen bliek duorjend te wêzen.

Bestjoerlik falt Meheti‘a mei de rest fan 'e Genoatskipseilannen en fjouwer oare arsjipellen (de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen) ûnder Frânsk-Polyneezje. Dat is in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM).

Binnen Frânsk-Polyneezje leit Meheti‘a yn 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Boppewynske Eilannen. It eilân heart bestjoerlik ta de gemeente (commune) Tai‘arapu-Est en dêrbinnen ta de dielgemeente (commune associée) Tautira. Beide lizze oan 'e eastkust fan Tahity. Meheti‘a sels is ûnbewenne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.