Springe nei ynhâld

Megen

Ut Wikipedy
Megen
Sicht op Megen.
Sicht op Megen.
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Oss
Sifers
Ynwennertal1.760 (2024)[1]
Oerflak5,34 km²
- lân 5,05 km²
- wetter 0,29 km²
Oar
Koördinaten51° 49' N 5° 33' E
Kaart
Megen (Noard-Brabân)
Megen

Megen is in histoarysk stedsje yn 'e provinsje Noard-Brabân oan 'e Maas. It plak leit yn 'e gemeente Oss.

De skiednis fan Megen giet werom op 'e midsiuwen mei in opfallende religieuze tradysje en in eartiids selsstannige bestjoerlike posysje.

Kastiel Megen yn 1680.

Megen ûntstie al yn de iere midsiuwen en krige yn 1357 offisjeel stedsrjochten fan hartoch Reinoud III fan Gelre. Dêrmei waard Megen in stêd mei eigen rjochtspraak, merken en muorren. Al wie it in lyts plak, de status wie wichtich en Megen hie oansjen en macht yn 'e krite.

Yn 'e rin fan 'e midsiuwen waard Megen it sintrum fan it lytse, mar selsstannige greefskip Megen. Njonken in eigen bestjoer hie Megen ek it rjocht om eigen jild te slaan. De greven fan Megen bestjoerden fanút harren kastiel it gebiet, dat op it plak stie dêr't letter de Klarissen harren kleaster bouden. Megen lei tusken de rivalisearjende hartochdommen Brabân en Gelre yn. Oant de 17e iuw bleau it greefskip in frij greefskip en it einige mei't it ûnder ynfloed kaam fan 'e Republyk fan 'e Sân Feriene Nederlannen. Dochs hold Megen in bysûndere status, oant it yn 'e 18e iuw folslein yn 'e provinsje opgie.

Minderbruorrenkleaster.

Megen is benammen bekend om syn religieuze erfgoed. Yn 'e 17e iuw ûntiene der stiftings fan 'e út de Meierij fan De Bosk ferballe Fransiskanen en Klarissen. Dy mienskippen besteane noch jimmeroan en ek hjoed-de-dei set de katolike religy in grut stimpel op it plak.

Yn 'e 20e iuw wie Megen in ûnderdiel fan 'e gemeente Megen, Haren en Macharen, dy't yn it ramt fan in weryndieling yn 1994 opgie yn 'e gruttere gemeente Oss.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't Megen mar lyts is, is it noch jimmeroan in stêd. Megen hat in troch it ryk beskerme stedsgesicht. It sintrum bestiet út in goed bewarre stedsplan mei smelle strjitten en histoaryske gebouwen.

Megen, finzenistoer (ûnderdiel fan 'e eardere stedsferdigening).
  • De Sint-Servatiustsjerke is in oan Sint-Servaas wijde neogoatyske tsjerke út de 19e iuw (1871–1872).
  • It grutte Fransiskaanske kleaster of Minderbruorrenkleaster waard yn 'e 17e iuw stifte en hat in monumintale kleasterkapel. It kleaster is noch hieltyd aktyf en wurdt bewenne troch muontsen.
  • Op it plak fan it eardere kastiel fan Megen stiet sûnt de 17e iuw in Klarissenkleaster.
  • De Hof fan Lof is in foar it publyk iepenstelde meditaasjetún efter it Fransiskaanske kleaster. Dêr stiet ek it byld fan Sint-Fransiskus.
  • De finzentoer is in poartetoer út de 14e iuw, dy't ûnderdiel wie fan 'e eardere midsiuwske stedsferdigening fan Megen. De muorren binne yn ferskate fazen ôfbrutsen, foaral yn de 17e en 18e iuw en de lêste dielen yn 'e 19e iuw.
  • Yn Megen stiet de stellingmûne Désiré út 1865.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: