Megan Salinas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Megan Salinas
Megan Salinas.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mercedez Pequeño
echte namme Megan Salinas (?)
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 2 maart 1994
berteplak Edinburg (Teksas)
etnisiteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
www.megan-salinas.com

Megan Salinas (Edinburg (Teksas), 2 maart 1994), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Mercedez Pequeño.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salinas waard yn 1994 berne yn Edinburg, yn 'e steat Teksas (hoewol't guon boarnen úthâlde dat se yn Houston berne is). Yn elts gefal groeide hja op yn 'e Delling fan de Rio Grande, yn súdlik Teksas. Har earste baan hie se as kassiêre yn in skouboarch.

Yn jannewaris 2013, doe't se achttjin jier wie, makke Salinas har debút yn in pornografyske film. As pornoaktrise beheinde se har yn 't earstoan ta masturbaasjesênes en lesbyske pornografy. Pas tsjin 'e ein fan 2013 begûn se ek heteroseksueel wurk te dwaan.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Salinas ûnderwilens (mids 2015) yn krapoan 35 pornofilms spile, û.m. foar labels as Red Light District en Devil's Film, mar ek foar minder bekende studio's, wêrûnder Kick Ass Pictures, Filly Films en Mile High Productions. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Porn.com, Twistys, Mofos en Digital Desire. Dêrnjonken is Salinas ek aktyf as neakenmodel foar fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden, en as fetysjmodel foar bondaazjefideo's (fan it label FM Concepts) en -fotografy.

Lichemsskaaimerken en leafhawwerijen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Megan Salinas is neffens har offisjele opjefte 1.60 m lang, mei in gewicht fan 45 kg en in natuerlike kupmaat 34D. Nei eigen sizzen hâldt hja fan it spyljen fan Amerikaansk fuotbal en paintball.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: