Meerssen is in gemeente yn it suden fan 'e provinsje Limburch. De gemeente ûntstie nei in weryndieling op 1 jannewaris 1982. Doe waard de gemeente Meerssen mei de oant doe selstannige gemeenten Bunde, Geulle en Ulestraten gearfoege. It haadplak fan 'e gemeente is it plak Meerssen.
Meerssen leit oan 'e ein fan 'e Geuldelling, dy't op 'e Maasdelling útkomt. De Geul mûnet by de buorskip Voulwammes út yn 'e Maas. Yn it noardeasten fan 'e gemeente lizze in pear plakjes en buorskippen op it súdwestlike part fan it Sintraal Plato. Yn it súdwesten leit de noardwestlike útrinner fan it Plato fan Margraten foar in part yn 'e gemeente.
Op 'e eastlike hellingen fan 'e Maasdelling leit it Bunderbosk mei in soad boarnen. Op 'e noardlike hellingen fan 'e Geuldelling lizze it Kalverbosch en it Vliekerbos, wylst op 'e súdlike helling fan 'e Geuldelling it boskgebiet De Dellen leit. Grinzgjend op 'e Dellen leit it natoergebiet Meerssenerbroek.