Medjerda

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Medjerda
واد مجردا
Rin fan de Medjerda
Rin fan de Medjerda
geografy
lân Algerije
Tuneezje
ûntspringt yn Atlasberchtme
lokaasje boarne Tell Atlas, Algerije
mûnet út yn Golf fan Tunis
sifers
lingte 460 km
hichte boarne 2.308 m
ôfwetteringsgeb. 22.000 km²
ôffier (mûning) 29 m³/s (trochsneed
Rivier de Medjerda

De rivier de Medjerda (Arabysk: وادي مجردة‎), yn de Klassike Aldheid Bagrada neamd, is in rivier yn Noard-Afrika dy't fan it noardeasten fan Algerije troch Tuneezje rint en yn de Golf fan Tunis útmûnet. Hy hat in totale lingte fan 460 km.

Rin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Medjerda ûntspringt yn de Tell Atlas, part fan it Atlasberchtme, yn it noardeasten fan Algerije en rint eastlik nei Tuneezje, om dêrnei yn de Golf fan Utika, in part fan de Golf fan Tunis, yn de Middellânske See út te mûnjen. De Medjerda hat in totale lingte fan 460 km en is de wichtichste en langste rivier yn Tuneezje. Hy hat keardamen op ferskate plakken en is de wichtichste boarne fan wetter foar it weetlân yn dat lân.

De Golf fan Utika, waard foarme nei it stigen fan de seespegel nei it Lêste Glasiaal sa'n 6000 jier ferlyn. Troch de tiid hinne slike it noardlike part fan de golf ticht troch it oanfieren fan sediminten troch de Medjerda. Troch archeologysk ûndersyk en dokumintaasje út de Aldheid, is der reedlik wat witten oer de ûntwikkelings fan de rivier en omkriten. Ek satellyt- en loftfoto's litte sjen hoe't it gea him oer de lêste 3000 jier ûntwikkele hat. It súdlike part fan de Golf ferslike yn de Lette Aldheid en de see luts him stadichoan werom út it noardlike part yn de Midsiuwen en de Nije Tiid. De lagune fan Ghar el Melh is it lêste oerbliuwsel fan wat ea de Golf fan Utika wie.

Troch de floed fan 1973 feroare de rin fan de Medjerda fannijs en rint er hjoed-de-dei troch in kanaal dat yn it ferline groeven waard om oerstallich wetter ôf te fieren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Medjerda wie fanâlds de wichtichste wetterwei en de wichtichste wetteroanfier yn Tuneezje en wie fan fitaal belang foar de befolking dy't om de rivier hinne wennen. Ek wurdt it wetter fan de Medjerda foar it bewetterjen fan gewaaksen brûkt en is sadwaande fan grut belang foar de lânbou yn de omkriten.

De rivier wie ek fan grut strategysk belang en der waard ferskate kear om fochten troch de Berbers, Fenysjers, Púnjers, Romeinen, Fandalen, Byzantinen, Arabieren en Ottomanen. Der waarden ferskate grutte stêden waarden by de rivier stifte, lykas Kartago, Utika en letter Tunis. De eardere havens fan Utika en Ghar el-Melh (Rusucmona of Porto Farina) sliken stadichoan ticht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.