Medium (persoan)
In medium, meartal: mediums (en net 'media', mei't dat it wurd in oare betsjutting jout), is in persoan dy't de ûnderstelde paranormale jefte hat om te kommunisearjen mei de geasten fan 'e ferstoarnen en/of mei ingels, demoanen en/of oare ymmateriële entiteiten. Dat wurdt ornaris dien by in gearkomste dy't in seânse neamd wurdt. De betsjutting fan 'e term 'medium' is foar mearderlei útlis fetber. Dêrfandinne neame soksoarte lju harsels faak leaver paragnost. Mediumskip wurdt assosjearre mei nije, Westerske leauwensstelsels, lykas spiritisme, spiritualisme en guon new age-groepen, mar it makket ek diel út fan ferskate synkretistyske godstsjinsten yn Súd-Amearika en it Karibysk Gebiet, lykas voodoo, candomblé en umbanda, dy't har woartels hawwe yn Afrikaanske natoerreligyen.
Ferskil yn betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Binnen de parapsychology waard de term 'medium' foarhinne brûkt foar alles dat tsjintwurdich ûnder de oantsjutting 'paranormaal' beflapt wurdt. Sa spriek men ek fan 'mediamike bejeftigens' as it gie om talinten as heldersjendheid, helderhearrendheid, helderfielendheid en telepaty. Tsjintwurdich wurde lju dy't sokke jeften hawwe soene, oantsjut as paragnost of as heldersjende, helderhearrende, ensfh. De term 'medium' is no ornaris foarbeholden oan wat ek wol in trânsmedium neamd wurdt, immen dy't him- of harsels yn in trâns bringe kin, wêrnei't geasten fan ferstoarnen en/of oare spirituële wêzens syn of har lichem besette kinne om boadskippen oan 'e libbenen troch te jaan. Binnen it spiritisme en it spiritualisme waard de term 'medium' altyd al inkeld brûkt om lju mei oan te tsjutten dy't boadskippen út 'e geastewrâld oerbringe kinne soene.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De minskheid hat al fanôf de prehistoarje in fassinaasje foar it kommunisearjen mei de ferstoarnen. Op grotskilderings fan 'e Australyske Aboriginals, wêrfan't guon datearje fan mear as 28.000 jier ferlyn, binne al skedels en oare bonken, geasten en it hjirneimels werjûn. Oare grotskilderings mei itselde ûnderwerp, dy't yn Yndoneezje oantroffen binne, datearje sels fan 38.000 jier lyn. Yn in protte natoerreligyen waard (en wurdt noch) leaud dat it mooglik is om mei de deaden te kommunisearjen; dejinge dy't soks die of docht, wie of is ornaris in sjamaan of soms in heks, dy't dus faak ek as in (soarte fan) medium beskôge wurde kin. In bekend foarbyld is it bibelske ferhaal fan 'e saneamde heks fan Endor yn 1 Samuël 28: 7-25 (yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting werjûn as: "in frou dy't de deaden belêze kin"). Yn dat ferhaal giet kening Saul fan Israel nei in frou yn it plak Endor, dy't op syn oanstean de geast fan 'e profeet Samuël opropt, sadat er dy befreegje kin oer in oansteande fjildslach tsjin 'e Filistinen.
It begryp 'medium' yn 'e moderne betsjutting kaam pas yn 'e njoggentjinde iuw op, doe't yn fermiddens fan 'e hegerein yn West-Jeropa en Noard-Amearika (benammen yn 'e Feriene Steaten en Ingelân) by wize fan fermaak ouijabuorden brûkt waarden foar kommunikaasje fan 'e ferstoarnen. Yn dyselde snuorje kamen ek folle serieuzere streamings op, lykas it spiritisme, dat fierhinne draait om kommunikaasje mei it hjirneimels. Mediums as Paschal Beverly Randolph en Emma Hardinge Britten hearden yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ta de meast lêzen auteurs fan 'e Angelsaksyske wrâld. Oanhingers fan it spiritisme wiene û.o. sjoernalist William T. Stead, natuerkundige Pierre Curie, biolooch Alfred Russel Wallace en skriuwer Arthur Conan Doyle.
In protte spiritistyske mediums, lykas de Bruorren Davenport en de Susters Bangs, waarden lykwols ûntmaskere as bedragers en sjarlatans, dy't gebrûk makken fan deselde soarte techniken dêr't ek gûchelders harren shows op basearren. Dêrtroch kaam it spiritisme op in minne namme te lizzen en rekke it fan 'e 1920-er jierren ôf yn it neigean mei mediums. Nettsjinsteande dat binne der hjoed oan 'e dei wrâldwiid noch miljoenen minsken dy't leauwe hechtsje oan 'e útspraken fan mediums. Oan 'e oare kant binne der noch mear minsken dy't mei minachting op 'e praktyk delsjogge en alle mediums as oplichters beskôgje. Sokke lju fiele har sterke troch it feit dat noch geregeldwei gefallen fan bedragerij fêststeld wurde. Guon wittenskippers hawwe besocht om de wierheid fan 'e bewearings fan guon mediums te beoardieljen. In eksperimint dat yn maaie 2005 útfierd waard troch it Britsk Psychologysk Genoatskip (BPS) late ta de konklúzje dat de testpersoanen gjin mediamike feardichheid demonstrearje kinnen hiene.
Ferskil yn wurkwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By trânsmediums makket men ûnderskie neffens de djipte fan 'e trâns dêr't sokke lju yn wei reitsje soene by it oerbringen fan boadskippen. By oerskading of oerskâlding (Nederlânsk: overschaduwing) is der amper sprake fan in trâns, en behâldt it medium syn of har eigen persoanlikheid, dy't lykwols eefkes 'yn it skaad' stiet fan 'e geast dêr't hy of sy mei kommunisearje soe. By in lichte trâns wurdt it lichem fan it medium oernommen troch de geast dêr't hy/sy mei kommunisearje soe, en nimt hy/sy de persoanlikheid fan dy geast oan. It medium is him/har lykwols wol bewust fan alles dat bart en sein wurdt, en kin mooglik de trâns ôfbrekke as dat nedich wêze soe. By djippe trâns nimt de geast it lichem fan it medium folslein oer. It medium hat dan hielendal gjin ynfloed op wat der bart en hy/sy hat der letter ek gjin oantinken oan.
Trânsmediums kinne de boadskippen, dy't út 'e geastewrâld komme soene, op ferskillende wizen trochjaan. Wat it measte foarkomt, is dat de geast tagelyk mei it lichem fan it medium ek syn of har stim oernimt, en dêrfan gebrûk makket om it boadskip út te sprekken. Soks hjit mei in Ingelske term channeling (letterlik: "kanalisearjen"; it medium foarmet dan dus in 'kanaal' foar de geast). Ek komt it foar, benammen by oerskading, dat it medium ienfâldichwei 'heart' wat de geast seit en it boadskip werhellet foar de taharkers. Ek kin gebrûk makke wurde fan in saneamd ouijaboerd, wêrby't de geast troch beynfloeding fan lichemsbewegings letters op in boerd oanjout dy't mei-inoar it boadskip foarmje. Oare foarmen fan mediumskip meitsje gebrûkt fan materialisearrings fan 'e geast, de oanwêzigens fan in stim dy't net inkeld foar it medium mar ek foar oare oanwêzigen te hearren is, en telekinetyske aktiviteit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|