Springe nei ynhâld

Mechelen

Ut Wikipedy
Mechelen
Stedhûs
Stedhûs
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Belgje Belgje
GewestFlaanderen
ProvinsjeAntwerpen
Stedsyndieling6 wiken
Sifers
Ynwennertal89.655 <samll>(01.01.2025)
Oerflak65,79 km²
Befolkingsticht.1.363 ynw./km²
Hichte4 m
Oar
Stifting± 1303 (stedsrjochten)
FerkearsierenA1/E19, N1, N15, N16
Postkoade2800, 2801, 2811, 2812
Netnûmer015
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten51° 02' N, 04° 28' E
Offisjele webside
www.mechelen.be
Kaart
Mechelen (Belgje)
Mechelen
Lokaasje fan Chrzanów yn Poalen

Mechelen is in histoaryske stêd yn 'e Flaamske provinsje Antwerpen yn Belgje. De stêd leit hiel sintraal oan 'e rivier de Dijle, krekt healwei tusken de grutte stêden Brussel en Antwerpen. Mei in lytse 90.000 ynwenners is it hjoed-de-dei ien fan 'e gruttere keunststêden fan Flaanderen.

Njonken de politike skiednis is Mechelen al sûnt 1559 it geastlike hert fan Belgje as de sit fan it Aartsbisdom Mechelen-Brussel. De aartsbiskop fan Mechelen draacht de titel 'Primaat fan Belgje', wat betsjut dat de stêd de oarspronklike haadtsjerklike sit fan it hiele lân is.

It Zennegat.

Mechelen telt njonken de stêd sels noch fiif lytsere dielgemeenten, nammentlik Heffen, Hombeek, Leest, Muizen en Walem.

Walem leit benoarden de stêd, oan 'e rivier de Nete. Heffen, Leest en Hombeek lizze bewesten de stêd, oan 'e oare kant fan 'e Zenne. Muizen leit súdeastlik, in stikje fierder de stream op oan 'e Dijle. De stêd hat dêrnjonken noch ferskate útbuorrens en wiken. De útbuorren noardeastlik fan 'e stêd, dêr't de Zenne en it kanaal Leuven-Mechelen gearrinne mei de Dijle, hjit it Zennegat. De stêd sels is bestjoerlik yndield yn 'e wiken Sintrum, Mechelen-Noard, Mechelen-Súd, Battel (bewesten de Dijle), Arsenaal en Nekkerspoel yn it easten.

Dielgemeenten
NammeOerflak (km²)Ynwenners (2025)Ynw./km²
1Mechelen28,0772.2322.573
2Heffen6,982.231320
3Hombeek9,664.525468
4Leest9,372.735292
5Muizen7,425.844788
6Walem4,302.088486

Mechelen is ien fan 'e âldste stêden yn 'e Belgyske provinsje Antwerpen. Antwerpen ferlear yn 1303 it rjocht op 'e earste ferkeap (it steapelrjocht) fan wol, hjouwer en sâlt oan Mechelen, doe't Jan II, hartoch fan Brabân, stedsrjochten ferliende.

Oant 1795 wie Mechelen it sintrum fan in lytse, selsstannige hearlikheid, dy't bekend stie as de Hearlikheid Mechelen. Dizze hearlikheid hie deselde status as oare foaroansteande regio's yn it gebiet, lykas Hollân, Seelân, Flaanderen en Brabân. Yn 16e iuw wie Mechelen tusken 1605 en 1630 foar in koart skoft de bestjoerlike haadstêd fan 'e Nederlannen en waard it lân út Mechelen wei regearre (ynsteld troch [[Margaretha fan Eastenryk]). Dy tiid hat in grutte bydrage levere oan 'e grutte keunstkolleksje en histoaryske gebouwen fan 'e stêd. Dêrtroch hat Mechelen hjoed-de-dei it op ien nei grutste oantal beskerme monuminten fan Flaanderen, wêrûnder fjouwer bouwurken mei in UNESCO-ynskriuwing.

Demografyske ûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De demografyske skiednis fan Mechelen wurdt hjirûnder yn twa aparte tabellen werjûn. Oant 1 jannewaris 1977 bestie Mechelen allinnich út de histoaryske stêd binnen de âlde stedsmuorren en -singels. Op dy datum fûn lykwols de grutte Belgyske gemeentlike weryndieling plak, wêrby't de fiif buordoarpen Heffen, Hombeek, Leest, Muizen en Walem by de stêd foege waarden om de hjoeddeiske fúzjegemeente te foarmjen.

De earste tabel jout de befolkingsûntwikkeling wer fan 'e âlde, selsstannige stêd Mechelen oant it lêste jier foar de weryndieling (1976). De twadde tabel jout de ûntwikkeling wer fan 'e fúzjegemeente as gehiel; om in histoarysk krekte fergeliking te meitsjen, binne yn dizze sifers de ynwennertallen fan 'e fiif doarpen ek foar 1977 al meirekkene.

Demografyske ûntwikkeling foar de fúzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolkingsûntwikkeling fan Mechelen (1806–1976)
Jier18061816183118461856186618801890
Ynwenners20.23520.28423.40129.69331.37134.20542.38151.014
Groei+0,2%+15,4%+26,9%+5,7%+9,0%+23,9%+20,4%
Jier19001910192019301947196119701976
Ynwenners55.70559.14258.43860.43860.28864.77265.46664.185
Groei+9,2%+6,2%−1,2%+3,4%−0,2%+7,4%+1,1%−2,0%
Boarnen: NIS, Opm: 1806 oant en mei 1970 = folkstellingen; 1976 = ynwennertal op 31 desimber

Demografyske ûntwikkeling fan 'e fúzjegemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske gegevens belangje de hjoeddeiske gemeente, ynklusyf de dielgemeenten, sa't dy ûntstien binne nei de fúzje fan 1 jannewaris 1977.

Befolkingsûntwikkeling fan Mechelen (1806–2024)
Jier18061816183018461856186618761880189019001910
Ynwenners26.63225.93931.04136.91538.56641.43445.60149.25759.07064.78169.412
Groei−2,6%+19,7%+18,9%+4,5%+7,4%+10,1%+8,0%+19,9%+9,7%+7,1%
Jier19201930194719611970198119902000201020202024
Ynwenners68.95171.59972.23277.73780.35177.26975.62275.43880.94086.92189.313
Groei−0,7%+3,8%+0,9%+7,6%+3,4%−3,8%−2,1%−0,2%+7,3%+7,4%+2,8%
Boarnen: NIS, Opm: 1806 oant en mei 1981 = folkstellingen; 1990 en letter = ynwennertal op 1 jannewaris
Ynwenners fan jier op jier op 1 jannewaris
1992 oant no
JierOantalEvolúsje: 1992 = sifer 100
199275.689100,0
199375.740100,1
199475.65099,9
199575.718100,0
199675.29499,5
199775.25599,4
199875.42999,7
199975.41899,6
200075.43899,7
200175.56099,8
200275.946100,3
200376.485101,1
200476.981101,7
200577.480102,4
200678.268103,4
200778.900104,2
200879.471105,0
200980.205106,0
201080.940106,9
201181.927108,2
201282.325108,8
201382.602109,1
201483.194109,9
201583.975110,9
201684.523111,7
201785.665113,2
201886.304114,0
201986.616114,4
202086.921114,8
202186.911114,8
202286.996114,9
202388.614117,1
202489.313118,0

Saken dy't it besjen wurdich binne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mechelen is ryk oan histoaryske kultuer en hat fjouwer ynskriuwingen yn 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO:

Katedraal fan Mechelen.
  • De Sint-Romboutstoer is de 97 meter hege toer fan 'e katedraal mei twa folsleine karriljons.
  • It stedhûs fan Mechelen is in oarspronklike lekkenhal mei in midsiuwsk belfort (UNESCO-id 943-015), letter útwreide mei in flamboyant-goatyske foargevel.
  • It Grut Begynhôf stiet tegearre mei oare Flaamske begynhôven op 'e wrâlderfgoedlist. It Grut Begynhôf waard yn 'e 13e iuw stifte bûten de muorren fan Mechelen. Nei't om 1560 hinne it begynhôf fernield waard, kochten de beginen yn 'e binnenstêd ûnreplik guod oan en lieten dêr nije wenten bouwe.
  • De Hanswykprosesje of "De Omgong" (2005/2008) is in optocht mei in pear opfallende reuzen en stiet op 'e list fan Ymmaterieel Kultureel Erfgoed fan 'e Minskheid.

Tsjerklike arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de oarspronklike geastlike haadstêd fan 'e Nederlannen hat Mechelen in grutte rykdom oan monumintale tsjerken. Benammen de barokke ynfloed fan 'e lokale arsjitekt Lucas Faydherbe is op in soad plakken yn 'e stêd werom te finen:

Us-Leaffrou fan Hanswijk.
  • De Us-Leaffrouwe-fan-Hanswijk is in ymposante barokke koepeltsjerke, ûntwurpen troch Lucas Faydherbe.
  • De Sint-Janstsjerke is in goatyske tsjerke dy't wrâldferneamd is om it masterwurk "De oanbidding fan 'e Keningen" fan Peter Paul Rubens.
  • De Us-Leaffrouwe-oer-de-Dijletsjerke is in oare grutte goatyske tsjerke, dêr't it ferneamde skilderij "De wûnderbere Fiskfangst"' fan Rubens hinget.
  • De Begynhôftsjerke fan it Grut Begynhôf is in barok tsjerkegebou dat wijd is oan Sint-Aleksius en Sint-Katarina.

Yn 'e 15e en 16e iuw, doe't Mechelen as bestjoerlik sintrum fan 'e Nederlannen tsjinne, bouden ferskate aadlike famyljes en lânfâden hjir harren paleizen:

Hôf fan Savoye.
  • It Hôf fan Savoye (Paleis fan Margaretha fan Eastenryk) is it oarspronklike paleis fan 'e lânfâdesse. It is it earste rennessânsegebou fan 'e Nederlannen; hjoed-de-dei is it yn gebrûk fan it gerjochtshôf.
  • It Hôf van Kamerijk (Paleis fan Margaretha fan York) is de eardere residinsje fan 'e hartoginne fan Boergonje en tsjinnet hjoed-de-dei as stedsskousboarch.
  • It Hôf fan Busleyden is paleis út de iere renêssânse en hjoed-de-dei it stedsmuseum fan Mechelen.

Boargerlike bouwwerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Haverwerf.
  • It Skepenhûs is it earste stedhûs fan 'e stêd út it ein fan 'e 14e iuw.
  • De âlde foargevels oan 'e Haverwerf (it plak dêr't de hjouwer oerladen en ferhannele waard): in trijetal ferneamde histoaryske gevels njonken inoar, bekend as Sint-Jozef, Den Duivel en ’t Paradijs.
  • De Hoogbrug is de âldste stiennen bôgebrêge fan Flaanderen, dy't de twa iggen fan 'e Binnendijle ferbynt.
  • De Zalm en In den Vijgenboom: Twa opfallende gevels oan 'e âlde hannelskaaien; In den Vijgenboom is de âldste houten foargevel fan 'e stêd.
  • De Vleeshalle: In beskerme monumintale merkhal út 1881 mei in soad winkeltsjes en horekabedriuwen.

In refúzjehûs wie in fersterke hûs binnen de stedsmuorren, wêr't muontsen fan abdijen fan bûten de stêd n nuodlike tiden hinne flechtsje koenen. Mechelen hie dêr troch syn feilige status in grut oantal fan:

Refúzjehûs Abdij fan Tongerlo.
  • Refúzjehûs fan 'e Abdij fan Tongerlo: boud tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw, in grut bewarre bleaun kompleks oan 'e Binnendijle.
  • Refúzjehûs fan 'e Abdij fan Sint-Truiden: in histoarysk taflechtsoarde foar de Limburchske abdij.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Autofrije binnenstêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske binnenstêd (binnen de saneamde stedsring) is foar in grut part autofrij of auto-earm makke. Grutte dielen fan it sintrum, lykas de omjouwing fan 'e Grote Markt en de grutte winkelstrjitten, binne folslein foar fuotgongers ynrjochte. Ferkear dat net yn 'e binnenstêd wêze moat, wurdt om de stêd hinne laat oer de stedsring (de R12). Foar besikers binne der grutte ûndergrûnske parkeargaraazjes oan 'e râne fan it sintrum boud, sadat auto's sa min mooglik it histoaryske hert yn hoege.

Iepenbier ferfier en spoarferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mechelen is in sintraal lizzend spoarknooppunt yn Flaanderen. De stêd hat twa stasjons op koarte ôfstân fan inoar: it Haadstasjon (besuden it sintrum) en stasjon Mechelen-Nekkerspoel (oan 'e eastkant). Troch de lizzing oan 'e grutte as tusken Brussel en Antwerpen binne der tige frekwinte treinferbinings mei de measte grutte Belgyske stêden, en ek ynternasjonale treinen rjochting Nederlân dogge de stêd oan.

It iepenbier ferfier yn 'e stêd en de omlizzende regio wurdt fierder fersoarte troch in busnetwurk. Stedsbussen ride tusken stedswiken en it haadstasjon. In spesjale, flugge sintrumpendel rydt hiel regelmjittich dwers troch it sintrum om reizgers tusken de twa stasjons en de winkelstrjitten te ferfieren. Fanút it sintrale busstasjon by it haadstasjon fertrekke streekbussen dy't de fiif dielgemeenten en de fierdere regio ferbine mei de stêd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Mechelen (stad)