Mearkleurige tangare
Mearkleurige tangare | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tangara fastuosa | ||||||||||||
Lesson, 1831 | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() Ferspriedingsgebiet yn Brazylje. |
De mearkleurige tangare (Tangara fastuosa) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuiwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De mearkleurige tangare wurdt sawat 13 sintimeter lang. De fûgels binne tige kleurryk en ha de folgjende fearrekleuren:
- turkoais: holle en nekke;
- ljochtblau: boarst;
- kobaltblau: búk, sturtfearren, haadslachpinnen, primêre dekfearren;
- oranje: stút, rânen fan primêre dekfearren en de efterste dielen;
- swart: eachring, basis fan snaffel, kiel, bopperêch en grutte dekfearren.
De poatsjes binne griis. Oer it generaal is der gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes wat kleur oanbelanget.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mearkleurige tangaren komme yn in relatyf lyts gebiet yn eastlik Brazylje foar, nammentlik yn 'e steaten Paraíba, Pernambuco en Alagoas. Se libje leafst yn fochtige en sompige bosken, ynklusyf oerstreamingsflakten en heechlânbosk en wurde oant 620 meter oantroffen. Der binne ek yndividuele waarnimmings út oare dielen fan Brazylje, mar der wurdt tocht dat it dan om útbrutsen koaifûgels giet.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels ite fruchten en lidpoatigen. Der wurdt skreaun dat se fan oktober oant en mei maart briede. Se lizze trije aaikes en briede de aaikes yn trije wike út. Trije wike letter fleane se út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in rûzing bestiet de populaasje út minder as 10.000 fûgels (2023). It giet net goed mei de mearkleurige tangare en der is sprake fan efterútgong yn syn al lytse ferspriedingsgebieten troch kultivaasje fan dielen fan syn habitat. In oare bedriging foar de lytse populaasjes binne de prachtige kleuren fan 'e fûgel, dy't yllegaal fongen wurdt foar it hâlden as koaifûgel. Dêrom wurdt de soarte troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) as gefoelich klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|