MayFlower Studios
MayFlower Studios | ||
algemien | ||
hist. namme | Underwater Studios | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Basildon (Ingelân) | |
oprjochte | 1998 | |
offisjele webside | ||
mayflowerfilmstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Ingelân
|
De MayFlower Studios of de MayFlower Film Studios binne in selsstannich film- en tillefyzjestudiokompleks yn Basildon, yn it Ingelske greefskip Essex, ûnder de reek fan 'e Britske haadstêd Londen. It kompleks, dat bestiet sûnt 1998, hat him spesjalisearre op it mêd fan opnamen ûnder wetter en is sadwaande better bekend as de Underwater Studio of de Underwater Studios. In grut tal ferneamde films en dramasearjes binne foar in diel yn 'e MayFlower Studios opnommen, mar ek guon realitytillefyzjeprogramma's en fideoclips binne der filme.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De MayFlower Studios beskikke oer in spesjaal foar it ferrjochtsjen fan opnamen oanleine, fan ferwaarming foarsjoene wettertank, dy't 15 m lang is, 10 m breed en 6 m djip. De ynhâld is 568.500 liter wetter en der sitte finsters yn 'e tank, sadat fan bûtenôf tafersjoch op 'e opnamen holden wurde kin. Dêrnjonken omfettet it studiokompleks ek kantoarromte, klaaikeamers (mei dûs) en romme parkeargelegenheid op eigen terrein. Der binne plannen om 'e MayFlower Studios út te wreidzjen mei in (drûch) soundstage foar opnamen út it wetter.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e MayFlower Studios opnommen binne:
- The Man in the Iron Mask (1998)
- Shakespeare in Love (1998)
- Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999)
- The Importance of Being Earnest (2002)
- The League of Extraordinary Gentlemen (2003)
- Shanghai Knights (2003)
- The Bourne Supremacy (2004)
- Harry Potter and the Prisoner of Azkaban (2004)
- The Avengers (2012)
- 47 Meters Down (2017)
- T2 Trainspotting (2017)
- Angel Has Fallen (2019)
- 47 Meters Down: Uncaged (2019)
Dramasearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan dramasearjes dy't alteast foar in diel yn 'e MayFlower Studios opnommen binne:
- Emmerdale (1972–no)
- Eastenders (1985–no)
- London's Burning (1986–2002)
- Hollyoaks (1995–no)
- Monarch of the Glen (2000–2005)
- Absolutely Fabulous (2001–2004 & 2011–2012)
- Band of Brothers (2001)
- The Inspector Linley Mysteries (2001–2008)
- Merlin (2008)
- Vera (2011–no)
Oare tillefyzjeprogramma's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oare tillefyzjeprogramma's dêr't opnamen foar dien binne yn 'e MayFlower Studios, binne û.o. realitytillefyzjesearjes as Britain & Irelands Next Top Model en Denmark's Next Top Model en de autorubryk Top Gear. De Wonderland Tour fan Take That is in foarbyld fan in muzykfideo dy't yn it studiokompleks filme is.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |