Max Weiss

Ut Wikipedy
Grut rút mei Krúsiging yn de Sint-Michaelstsjerke fan Thorn

Max Weiss (Plauen, 8 augustus 1910 - Roermond, 23 augustus 1972) wie in Dútsk-Nederlânsk glêzenier.

Weiss helle oan de Akademy yn München it glêzeniersdiploma. Dêrnei wurke er by de Bayerische Hofkunstanstalt. Yn 1929 krige er kunde oan Joep Nicolas dy't him útnûge om yn syn ferneamde atelier Nicolas en Zonen yn Roermond oan 't wurk te gean. Nicolas emigrearre yn 1939 nei Amearika en droech doe it atelier oan Weiss oer. Oant 1940 arbeiden dêr ek ûnder oaren Gisèle Waterschoot van der Gracht en Charles Eyck. It atelier produsearre it meast yn de jierren tusken 1945 en 1957.

Om 1956 hinne krige Weiss swierrichheden mei syn sûnens en fan 1969 ôf moast er ophâlde mei wurkjen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne tal fan skoallen en tsjerken yn Nederlân mei brânskildere ramen fan Max Weiss, ûnder Oaren de Stiftstsjerke fan Thorn, de Sint-Lambertustsjerke yn Reuver, de Sint-Martinustsjerke yn Linne (1952-1955), de Hillich Herttsjerke yn Maasbracht (1953-1954), de Sint-Theresiatsjerke yn Reuver (1958), de Katedraal H. Kristoforus yn Roermond ('H. Johannes Nepomucenus, de martelder fan it Bychtgeheim', 1955), it Canisiuskolleezje yn Nymwegen (1947) en de Sint Bonifatiustsjerke yn Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: