Max Tailleur

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Max Tailleur
Drama-icon.svg artyst en/of kabaretier
Max Tailleur yn 1962
Max Tailleur yn 1962
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 12 juny 1909
berteplak Amsterdam
stoarn 12 oktober 1990
stjerplak Amstelfean
wurkpaad
wurksum as Komyk, tekstskriuwer
offisjele webside
Gjin

Mozes (Max) Tailleur (Amsterdam, 12 juny 1909Amstelfean, 12 oktober 1990) wie in Nederlânske humorist. Hy spesjalisearre him yn Joadske humor en waard ferneamd mei syn Sam-en-Moos-moppen. Tusken 1953 en 1988 waarden fan syn moppebondels 1,6 miljoen stiks ferkocht.[1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Max Tailleur op Skiphol werom út Amearika

Tailleur waard berne yn in ienfâldige húshâlding yn de Amsterdamske Joadebuert. Heit Hijman Tailleur wie hannelsreizger en fabrikant en mem Schoontje Erwteman wie húsfrou. As skoaljonge wie Tailleur al dwaande mei it fermeitsjen fan oaren. Serieuze betrekkingen as hannelsreizger en diamantsliper mislearren him. Op 23 maart 1936 troude Max Tailleur mei Sophia Wijnschenk (1908-1990). Se krigen gjin bern.

Under de Dútske besetting fan Nederlân slagge it Tailleur en wyk út nei Switserlân. Nei de ynvaazje yn Frankryk yn juny 1944 gie er nei Ingelân, dêr't er him by de Prinses Irene Brigade oanslute koe. Hy trede dêr op foar de militêren en letter werom yn Nederlân ek. Hy waard tekstskriuwer foar kabaretiers lykas Snip en Snap.

Op 7 novimber 1952 begûn Tailleur it kabaret De Doofpot yn in earder kafee oan it Rembrandtplein yn Amsterdam, dêr't er oant 1966 mei in protte súkses syn moppen fertelde. Om reden fan sûnens moast er ein jierren sechtich ophâlde, mar yn 1971 sette er út ein mei De Geinlijn, dy't men belje koe om in opname fan 'de mop fan de dei' te hearren. Yn it pykjier 1979 waard dy line sa'n acht miljoen kear belle.[1][2]

Syn biedwurd wie:

Ik lach om niet te huilen.

Yn 2012 kaam it teäterstik Max Tailleur: Ik lach om niet te huilen út, regissearre troch Helmert Woudenberg.[3]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Formaat Utjouwer Katalogusnûmer Opmerking
1953 Langs m'n neus weg boek Bigot & Van Rossum Mei in ynlieding fan Henri Knap
1955 Uit de doofpot!: succes-schetsen van Max Tailleur boekje Jongeneel 1841
1957 Mot je horen boek Max Tailleur Yllustraasjes: Dik Bruynesteyn; omslach: Wim Bijmoer
1960 Uw dag begint met een lach: Max Tailleur dagkalender 1961 kalinder + musicard Vroom & Dreesmann Reclame: Kalinder mei as bylage musicard
1963 Met een mop de wereld rond boek Van Holkema & Warendorf Yllustraasjes: Eppo Doeve; wite omslach
1966 Gein bij wijn 1: proost dokter, neem een advocaatje! boek De Gruyter
1966 Gein bij wijn 2: Moos weet waar Abraham de wijn haalt boek De Gruyter
1966 Gein bij wijn 3: met een pastoor en een rabbijn boek De Gruyter
1966 Gein bij wijn 4: Hef je glas: tussen baard en engelenhaar boek De Gruyter
1968 Van sex-tien tot sex-tig boek Van Holkema & Warendorf Yllustraasjes: Wim Bijmoer
1970 Max Tailleur Album: 't neusje van de gein (Max/001 + Max/002 + Max/003) boek Unieboek/Intershow
1970 Pot voor meneer [mevrouw] boek Becht ISBN 90 230 0177 X Yllustraasjes: Eppo Doeve
1971 Mazzelman en Nebbishman boek Becht ISBN 90 230 0178 8 Yllustraasjes: Eppo Doeve
1972 Geloof me boek Becht ISBN 90 230 0161 3 Yllustraasjes: Eppo Doeve
1973 Jiddisch fruit boek Becht ISBN 90 230 0195 8 Yllustraasjes: Eppo Doeve
1976 Geen geintjes boek Becht ISBN 90 230 0245 8 Yllustraasjes: Eppo Doeve
1978 3 x daags 1 mop boek Becht ISBN 90 230 0312 8 Yllustraasjes: Eppo Doeve
1980 Asjemenou boek Becht ISBN 90 230 0380 2 Yllustraasjes: Eppo Doeve
1982 Langs m'n neus weg - Nieuwe geïllustreerde editie boek Bigot & Van Rossum ISBN 90 6134 167 1 Yllustraasjes en omslach: Cor Wijtemans
1982 Wat sex je me nu boek Becht ISBN 90 230 0458 2 Yllustraaasjes: Frank Stevenhagen; omslach: Frank Stevenhagen neffens in ûntwerp fan Eppo Doeve
1983 Kleedt u zich maar even uit boek Becht ISBN 90 230 0513 9 Yllustraaasjes en omslach: Frank Stevenhagen
1984 Soft drukkies boek Omega ISBN 90 6057 981 X Yllustraasjes en omslach: Will Berg
1985 Horen, zien en smoezen boek Van Holkema & Warendorf ISBN 90 269 7439 6 Yllustraasjes en omslach: Will Berg
1988 Lach er om boek Van Holkema & Warendorf ISBN 90 269 4422 5
2010 Sam en Moos: de beste moppen van Max Tailleur boek Nijgh & Van Ditmar Berjocht:Nowrap Gearstald en ynlaat troch Jan Luitzen

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Formaat Label Katalogusnûmer Opmerking
1956 Doofpotpourri - Max Tailleur zingt en praat langs z'n neus weg miny-lp His Master's Voice HDLP 1005
1957 Max - Max Tailleur vertelt moppen en zingt liedjes uit 'De Doofpot' miny-lp His Master's Voice HDLP 1007
1959 Oh, dokter...! - Doktersmoppen door Max Tailleur ep His Master's Voice 7 EGH 186
1960 Met een mop de wereld rond miny-lp His Master's Voice HDLP 1014
1960 Max - De ouderwetse gein van Mokum! musicard Vroom & Dreesmann BRO 144 Bylage by deikalinder
1962 Maxi and Lexi single Lexington RC 125 Nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan 'De Doofpot'
1962 Met melk (yoghurt) meer Max single Melkcentrale Gouda RC 128 Promoasje. De opbringst wie bestimd foar Tailleurs Rheuma Vakantiehuis.
1963 Arel is zó..! zegt Max Tailleur FD Arel SHOL 253
1963 Met Max Tailleur naar De Doofpot single Ford RC 140 Promoasje
1964 Het Jodenkind / Izak Meyer's wiegenlied single His Master's Voice 7 QH 5046
1964 Moppen over (maar niet vóór) kinderen ep His Master's Voice 7 EGH 197
1965 Pastorale ep His Master's Voice 7 EGH 204
1965 Doofpotpourri - Deel 1 ep His Master's Voice 7 EGH 205
1965 Doofpotpourri - Deel 2 ep His Master's Voice 7 EGH 206
1965 Doofpotpourri - Deel 3 ep His Master's Voice 7 EGH 207
1965 12½ jaar Doofpot miny-lp His Master's Voice HFLP 1056 Mei in betinkpeinje mei in portret fan Max Tailleur
1965 Max 1 - Doofpotpourri - Max Tailleur zingt en praat langs z'n neus weg lp His Master's Voice XLPH 1035 Identyk oan His Master's Voice HDLP 1005 (1956)
1965 Max 2 - Roulette Terrasje - Max Tailleur vertelt moppen en zingt liedjes uit 'De Doofpot' lp His Master's Voice XLPH 1036 Identyk oan His Master's Voice HDLP 1007 (1957)
1965 Max 3 - 12½ Jaar Doofpot lp His Master's Voice XLPH 1037 Identyk oan His Master's Voice HFLP 1056 (1965)
1967 Vlieg er eens uit single KLM RC 167 Promoasje
1967 Max Tailleur vertelt automoppen voor de Vam single Vam RC 172 Promoasje foar de stichting Vam (Vakopleiding Voor Het Automobiel-, Motorrijwiel- En Aanverwante Bedrijf)
1967 Veneta-tapijt: 'n plaatje... single Veneta VEN 001
1967 Oi ..! - De nieuwe Max Tailleur show lp Philips PY 844 055
1968 Roulette - de bemazzel en de schlemiel - Max Tailleur fertelt moppen en sjongt lietsjes út de 'Doofpot' miny-lp Marcato 60 674
1968 Oi ..! - De nieuwe Max Tailleur show lp Philips XPY 855 811 Identyk oan Philips PY 844 055 (1967)
1969 Roulette lp King Size TE 011
1969 Sex uit 't vuistje lp Relax 31 630
1969 Sex uit 't vuistje lp Imperial 5C 054 24038 Identyk oan 1969 Relax 31 630 (1969)
1969 Wat sex je menu lp Imperial 5C 054 24094 Opnaam yn Club 49, Haarlim
1969 Doktor Max - 3 x daags een mop single Imperial 5C 006 24104 M
1969 12½ jaar Doofpot lp Music for pleasure MFP 5044 Identyk oan His Master's Voice HFLP 1056 (1965)
1970 Heugst genoeglijke momenten met Max - een herinnering aan het optreden van Max Tailleur voor krijgshaftige jonge artsen in Amsterdam single Hoechst RCS 248 Promoasje
1970 'Big' brother is watching you: na uw praktijk - sterke staaltjes van Max / in uw praktijk - sterke staaltjes van Myofer >100< ep Myofer RCS 249 Promoasje
1970 Jiddische nieuwe lp Imperial 5C 054 24321 Opnaam mei publyk, Club 49, Haarlim
1971 3 x 2 = sex lp Imperial 5C 054 24503 Opnaam mei publyk, Club 49, Haarlim
1972 Bakken in de lik lp Imperial 5C 052 24708 X Opnaam yn in finzenis
1974 Sex perimenten Dûbel-lp Imperial 5C 178 24962/63 Identyk oan Relax 31 630 + Imperial 5C 054 24094 (1969)
1974 Doofpotpourri lp EMIDISC 5C 048 50644
1974 Pot voor meneer lp EMIDISC 5C 048 50674 Identyk oan Imperial 5C 054 24321 (1970)
1978 Doktersmoppen verteld door Max Tailleur single Bovema Negram 5N 006 25705
1979 'n Giller! lp Philips 6423 144 Live opnaam yn 'De Koopermoolen', Amsterdam

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Formaat Utjouwer Katalogusnûmer Opmerking
2010 Max Tailleur - Mijn leven was geen mop boek Nijgh & Van Ditmar ISBN 978 90 388 9388 4 Skreaun troch Jan Luitzen

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Biografy fan Max Tailleur op Historiek.net
  2. Jacques d'Ancona: Max Tailleur: acht miljoen keer per jaar aan de geinlijn, Nieuwsblad van het Noorden, 19 jannewaris 1980, p. 33
  3. Theaterstuk over moppentapper Max Tailleur, Algemien Deiblêd, 8 maaie 2012