Max Payne (film)

Ut Wikipedy
Max Payne
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Moore
produsint John Moore
Scott Faye
Julie Yorn
senario Beau Thorne
basearre op Max Payne (fideospultsje)
kamerarezjy Jonathan Sela
muzyk Marco Beltrami
Buck Sanders
filmstudio Dune Entertainment
Firm Films
Foxtor Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Mark Wahlberg
Mila Kunis
byrollen Beau Bridges
Olga Kurylenko
Ludacris
Amaury Nolasco
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Kanada
premiêre 17 oktober 2008
foarm langspylfilm
sjenre neo-noir-aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $85,4 miljoen

Max Payne is in Amerikaansk-Kanadeeske neo-noir-aksjeskriller út 2008 ûnder rezjy fan John Moore, mei yn 'e haadrollen Mark Wahlberg en Mila Kunis. De titel is de namme fan 'e haadpersoan, mar it is ek in wurdboarterij, mei't it klinkt as max pain, "maks(imale) pine". De film is basearre op it fideospultsjes Max Payne, dat yn 2001 útkaam. It ferhaal giet oer plysjeman Max Payne, dy't besiket te efterheljen wa't ferantwurdlik is foar de moard op syn frou en bern, sadat er wraak nimme kin. Max Payne makket in protte gebrûk fan special effects. De film krige foar it meastepart negative resinsjes fan 'e filmkritisy, en ek de produsint fan it fideospultsje wie der min oer te sprekken. Nettsjinsteande dat wie Max Payne yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Resjersjeur Max Payne wurket al trije jier by de cold case-ienheid fan it New York Police Department, dêr't er alle saken om persoanlike redens neipluzet. Trije jier lyn binne nammentlik syn frou Michelle en harren poppe fermoarde troch trije ynbrekkers. Payne kaam harren oer it mad en deade twa, mar de trêde wist te ûntkommen. Sûnt wurdt er fertard troch wraakgefoelens en is er in net-ôflittende syktocht nei de trêde dieder begûn. Op in feest thús by ien fan syn ynformanten, dêr't Payne sûnder útnûging binnenkringt, komt er yn 'e kunde mei Natasha, in tsjeppe jonge frou fan wa't er mient dat se dingen wit dy't him by syn ûndersyk helpe kinne. Hy nimt har mei nei hûs, dêr't Natasha mei him op bêd wol. Payne hat dêr gjin belangstelling foar en as se kwetsende dingen oer syn frou silger seit, wiist er har it gat fan 'e doar.

Natasha, dy't in drugsferslaafde is, hat lykwols foar't se ôfset is Payne syn beurs stellen. As letter yn in efterôfstrjitsje har útinoar houde lyk weromfûn wurdt, ûntdekt resjersjeur Alex Balder, Payne syn eardere partner by de ôfdieling Moardsaken, de beurs op it plak delikt. Mona Sax, de âldere suster fan Natasha dy't in hiermoardneresse is, komt dêr efter en konkludearret dat Payne har suster fermoarde hat. As se him yn in steechje opwachtet en oermasteret mei de bedoeling om him te fermoardzjen, wit er har der lykwols fan te oertsjûgjen dat er ûnskuldich is. Underwilens komt Balder geandewei syn ûndersyk ta de konklúzje dat der in bân bestiet tusken de moard op Natasha en de moard op Michelle en har poppe. Hy skillet Payne op om mei him ôf te praten, sadat se it dêroer hawwe kinne, mar foar't dat barre kin, wurdt Balder yn Payne syn appartemint fermoarde. Dêrnei wurdt Payne de haadfertochte yn it ûndersyk dat resjersjeur Jim Bravura fan 'e ôfdieling Ynterne Saken ynstelt nei de moarden op Balder en Natasha. B.B. Hensley, de âlde partner fan Payne syn heit silger, dy't ek by de plysje siet, besiket Payne te helpen, mar hy kin net folle dwaan om't er sels net mear by de plysje is, mar al jierren wurket as haad befeiliging by de Aesir Corporation, itselde bedriuw dêr't ek Michelle wurke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Payne kringt Balder syn kantoar yn it plysjeburo binnen en trochsiket dat oant er op it dossier fan 'e moard op syn frou stjit. Op ien fan 'e foto's sjocht er dat de beide dieders dy't er sels deasketten hat, persiis deselde tatoeaazje fan wjukken op 'e earm hiene as Natasha. Neitiid giet er mei Mona nei de tatoeaazjesalon dêr't Natasha al har tatoeaazje's sette liet. De eigner fan dy saak leit harren út dat de wjukken in Walkuere symbolisearje, dy't yn 'e Noardske mytology it lot fan krigers yn 'e striid útornearret. Letter bringt Mona in besyk oan Jamie Hector, de lieder fan in Haïtiaanske binde, dy't har op it spoar set fan 'e âld-marinier Jack Lupino. Dy hat him ferskânze yn in âlde nachtklub mei de namme Rag Na Rock (in ferwizing nei de Ein fan 'e Tiden, dy't yn 'e Noardske mytology bekend stiet as Ragnarök). Mona beslút fan fierdere aksje ôf te sjen, mei't se sels it libben noch net wurch is.

Underwilens giet Payne nei in opslachromte dêr't er alle besittings fan Michelle ûnderbrocht hat. Hy ûntdekt dat de dokuminten oer de Aesir Corporation, dy't se thús bewarre, no misse. Dêrop ûnderfreget er Jason Colvin, Michelle har direkte baas by Aesir, yn it eigen kantoar fan 'e man. Nei't er flink wat geweld brûkt hat, fertelt dyselde him dat Michelle belutsen wie by de ûntwikkeling fan 'e geheime drug Valkyr, dy't bedoeld wie om supersoldaten te kreëarjen dy't gjin pine of eangst fielden. It rûn lykwols mis, want Valkyr wie alderûnbidichste ferslaavjend, wylst mar in pear fan 'e testpersoanen, ûnder wa Lupino, de juste reäksje fertoanden. Alle oaren waarden it slachtoffer fan skriklike hallusinaasjes dy't ta sljochtsinnigens laten. Uteinlik waard it projekt dêrom stopset. Colvin stimt deryn ta om yn dy saak te tsjûgjen, salang't Payne him mar beskermet tsjin 'e man dy't Michelle fermoarde hat. As Payne him meinimme wol út it Aesir-gebou, wurde se bûten Colvin syn kantoar lykwols opwachte troch in swierbewapene team fan Aesir-befeiliging. By de sjitpartij dy't dan folget, wurdt Colvin deasketten, mar Payne wit mei it bewiismateriaal út Colvin syn kantoar te ûntkommen. It fjoergefjocht lûkt de oandacht fan resjersjeur Bravura, dy't beseft dat er ferlet hat fan fersterking, en dêrom neitiid de FBI by de saak belûkt.

By it bewiismateriaal fynt Payne in fideo dy't it hiele Valkyr-projekt fan begjin oant ein útleit. Dy besjocht er yn it selskip fan Mona. Op 'e fideo is ek it tsjûgenis fan Lupino fêstlein, dy't útleit dat er him ûnoerwinlik fielt as er de drug nommen hat, en dat er alhiel gjin bywurkings ûnderfynt. Payne rekket derfan oertsjûge dat Lupino de trêde dieder fan 'e moard op Michelle is, en tsjin it advys fan Mona yn set er ôf nei Rag Na Rock. Dêr deadet er al Lupino syn trewanten en rekket dêrnei yn gefjocht mei Lupino sels, dy't lykwols net wit wa't hy is. Payne kin it net winne fan Lupino, en oerlibbet de konfrontaasje inkeld om't B.B. Hensley krekt op 'e tiid arrivearret en Lupino deasjit. Payne sjocht Hensley as in soarte fan surrogaatheit, dat de man komt him folslein oer it mad as er him neitiid bewusteleas slacht.

As Payne wer bykomt, leit Hensley him út dat er nei de opheffing fan it Valkyr-projekt besleat om 'e produksje fan 'e drug wer op te starten, om't it fanwegen de hege ferslavendheid tige gaadlik wie om in soad jild mei te fertsjinjen. Michelle krige dêr lucht fan, en begûn te graven. Doe't in warskôging net holp, besleat Hensley har te fermoardzjen; hy en nimmen oars wie de trêde ynbrekker dy't ûntkaam. No wol Hensley Payne oan in grut stik izer fêstklonken yn 'e winterske rivier de Hudson smite. Hy stoppet him in pear buiskes Valkyr by de bûse yn, sadat it lykje sil as hat Payne himsels fan kant makke ûnder ynfloed fan 'e drug. Mar Payne wit te ûntsnappen en sels yn 'e izige rivier te springen. Hy ferdrinkt op in hier nei, mar op it lêste momint sjocht er syn frou en bern foar him en heart er Michelle sizzen dat er noch eefkes wachtsje moat. Hy wit it wetteroerflak wer te berikken en tusken de iisskossen troch nei de wâl te swimmen.

Om't er beseft dat er op it punt stiet en beswyk oan ûnderkuolling, nimt er beide buiskes Valkyr yn. Dêrtroch kriget er nije, boppeminsklike krêft, mar rekket er ek oanhelle mei nei sljochtsinnigens oerhingjende fizioenen fan Walkueren. Hy folget Hensley werom nei it haadkantoar fan 'e Aersir Corproation, dat er binnenkringt. Tegearre mei Mona, dy't him te help komt, fjochtet er him in wei nei boppen ta, oant er op it dak Hensley byhellet, dy't stiet te wachtsjen op in helikopter dêr't er mei ûntsnappe wol. Sûnder dat er it wit hat Nicole Horne, de eigneresse fan 'e Aesir Corporation dy't stilswijend fan Hensley syn praktiken op 'e hichte is, lykwols besletten dat Hensley in gefaar foar har bedriuw wurden is. Dêrom hat se de helikopter nea stjoerd. Op it lâningsplatfoarm sjit Payne Hensley dea. No't er syn wraak foltôge hat, is er ree om te stjerren, mar ynstee wurdt er oppakt troch in arrestaasjeteam fan 'e FBI.

Oan 'e ein fan 'e ôftiteling folget noch in sêne wêryn't Payne, dy't blykber wer frijkommen is, syn stamkroech yngiet en dêr Mona oan in tafel sitten sjocht. As er foar har oer sitten giet, skoot se him in krante ta mei op 'e foarside de foto fan in laitsjende Nicole Horne, ûnder in kop dy't seit dat de winst fan 'e Aesir Corporation noch nea sa heech west hat.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mark Wahlberg.
Mila Kunis.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Max Payne Mark Wahlberg
Mona Sax Mila Kunis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
B.B. Hensley Beau Bridges
Natasha Sax Olga Kurylenko
resjersjeur Jim Bravura Ludacris
Jack Lupino Amaury Nolasco
Alex Balder Donal Logue
Jason Colvin Chris O'Donnell
Owen Green Joel Gordon
Nicole Horne Kate Burton
Joe Salle Rothaford Gray
Lincoln DeNeuf Jamie Hector
Trevor Andrew Friedman
Christa Balder Nelly Furtado (cameo)
eigner tatoeaazjesalon Stephen R. Hart
pantsjesbaas Jay Hunter
Jackie, Colvins resepsjoniste Katie Odegaard
Doug Maxwell McCabe-Lokos
FBI-agint Jack Taliente James McCaffrey
Michelle Payne Marianthi Evans

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Max Payne is basearre op it fideospultsje Max Payne, dat yn 2001 útbrocht waard troch Remedy Entertainment. De filmrjochten dêrop kamen yn juny 2005 yn 'e hannen fan filmstudio 20th Century Fox, dy't it meitsjen fan 'e eigentlike film útbestege oan Dune Entertainment, Firm Films en Foxtor Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $35 miljoen. As regisseur waard John Moore oanlutsen, dy't wurke op basis fan in senario skreaun troch Beau Thorne. Moore caste Mark Wahlberg yn 'e titelrol. As filmprodusinten wiene Moore, Scott Faye en Julie Yorn by it projekt belutsen. De kamerarezjy waard fersoarge troch Jonathan Sela, wylst de filmmuzyk fan 'e hân fan Marco Beltrami en Buck Sanders wie.

De opnamen fan Max Payne fûnen grutdiels plak yn it Kanadeeske Toronto. Se setten útein op 2 maart 2008 en duorren oant en mei 9 maaie fan dat jier. Dêrnei folge noch de postproduksje, dy't fyftjin wiken yn beslach naam. Yn dy tiid waard û.m. de montaazje dien en ek waarden de special effects tafoege. Fral de ûntwikkeling fan 'e Walkuere-hallusinaasjes siet in protte wurk yn. De filmdistribúsje wie yn 'e hannen fan 20th Century Fox. Max Payne gie op 17 oktober 2008 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre, mar wie in dei earder al yn 'e Australyske bioskopen iepene. Op 20 jannewaris 2009 kaam de film út op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Max Payne krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Bruce Paterson fan 'e Australian Film Critics Association dat Mark Wahlberg "geweldich" wie, mar dat de film op it mêd fan 'e hallusinaasjes fan 'e Walkueren him wolris wat mear gelegen lizze litte kinnen hie oan 'e Noardske mytology. Armond White ferdigene krekt de hallusinaasjebylden troch te sizzen dat regisseur John Moore "echte, hjoeddeistige eangst" yn byld bringt, mar hy heakke dêroan ta dat "syn bylden riker binne as syn plots."

Op 'e webside IGN omskreau Jim Vejvoda de aktearprestaasje fan Wahlberg as "kleurleas" en neffens him "giet it de rest fan 'e cast net folle better ôf." Boppedat foarsei er dat gamers teloarsteld wêze soene "as se [de film] ferlykje mei it fideospultsje, en sels as wraakfilm stelt it net folle foar." Nettsjinsteande dy op syn bêst midsmjittige resinsje parte IGN oan Max Payne oan 'e ein fan 2008 de priis ta foar bêste film basearre op in fideospultsje, wat neffens de webside mear sei oer de treurige steat fan fideospultsjefilms as oer Max Payne.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Max Payne in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 134 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde dat, "hoewol't [de film] in beskate mjitte fan stylfolle aksje omfettet, Max Payne slim te lijen hat fan in ûnlogyske plot en oerregissearjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 25 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Max Payne $40,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $44,7 miljoen. Yn totaal betsjutte dat in wrâldwide opbringst $85,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen makke de film dêrmei, nettsjinsteande de minne resinsjes, in winst fan 50,4 miljoen. Mei de ferkeap fan dvd's en blu-rays waard oant augustus 2009 allinnich al nochris $25,9 miljoen fertsjinne. Haadrolspiler Mark Wahlberg waard foar de rol fan Max Payne nominearre foar in Golden Raspberry Award foar minste akteur fan it jier, mar 'ferlear' fan Mike Myers yn The Love Guru.

Ferskillen tusken film en fideospultsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate ferskillen tusken it fideospultsje Max Payne, dat yn 2001 troch Remedy Entertainment útbrocht waard, en de dêrop basearre film út 2008. Sa begjint it fideospultsje mei de sêne wêryn't Payne syn fermoarde frou en bern fynt, wylst dy sêne yn 'e film earne healwei yn in flashback foarby komt. Fierders wurdt ien fan 'e wichtichste antagonisten, Jack Lupino, yn 'e film deade troch Hensley, wylst yn it fideospultsje Payne sels mei him ôfweeft. Yn it fideospultsje wurdt Payne troch Nicole Horne, de eigneresse fan 'e Aesir Corporation, twongen en nim de drug Valkyr yn, wylst er dat yn 'e film út frije wil docht om net oan ûnderkuolling te stjerren. It fideospultsje einiget mei in sêne wêryn't Payne Nicole Horne yn har helikopter delstoarte lit, ynstee fan dat er (lykas yn 'e film) Hensley op it dak fan it Aesir-gebou deasjit (wat er yn it fideospultsje al folle earder dien hat). It oerlibjen fan Horne en de sêne nei de ôftiteling mei Payne en Mona yn 'e kroech is dúdlik bedoeld om it meitsjen fan in ferfolchfilm te rjochtfeardigjen.

De produsint fan it fideospultsje, Scott Miller, liet de film om 'e boppeneamde ferskillen mei syn spultsje yn it iepenbier ôfrinne. Hy fûn it benammen ûnbegryplik dat de begjinsêne út it spultsje nei de midden fan 'e film ferpleatst wie, mei't de sjoggers no neffens him net wisten wêrom't Payne op wraak út wie. (Dat waard lykwols mei wurden fuort oan it begjin fan 'e film dúdlik útlein.) In soad sjoggers rekken lykwols echt betize troch de tafoeging fan 'e Walkueren, dy't yn 'e film foarsteld wurde as demoanyske wêzens, wylst se yn 'e Noardske mytology froulike krigers en de tsjinstfammen fan 'e god Odin binne. Hoewol't ek yn it fideospultsje op ûnsubtile wize nei de Noardske mytology ferwiisd wurdt, komme dêr gjin Walkueren yn foar. De film yntrodusearret yn it ferhaal fan Max Payne in folle grutte elemint fan it boppenatuerlike, en it wurdt eins nea dúdlik oft de Walkueren no echt binne en de lju dy't Valkyr ynnimme wat sjogge dêr't oaren har ûnbewust fan binne, of dat se ûnderdiel foarmje fan 'e hallusinaasjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.