Max Nord

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jacob Julius Max (Max) Nord (Gorinchem, 1 april 1916 - Amsterdam, 28 febrewaris 2008) wie in Nederlânsk dichter en sjoernalist.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nord studearre politike witenskippen yn Parys en wurke sûnt 1938 as ferslachjouwer by Het Vaderland. Tegearre mei Menno ter Braak sette er it boek Gespräche mit Hitler fan Hermann Rauschning oer, wat harren op in oanklacht fanwege "belediging van een bevriend staatshoofd" kaam te stean. Foardat it ta in proses komme koe wie Nederlân al troch de Dútsers beset. Under de besetting wie Nord mei Wim van Norden en Simon Carmiggelt de kearn fan it yllegale Het Parool. Nei de oarloch waard Nord keunstredakteur dan dy krante. Dêrnei wie er in skoft plakferfangend haadredakteur yn it plak fan Gerrit Jan van Heuven Goedhart. Dêrnei wie er korrespondint foar Het Parool yn Parys. Yn 1987 wie er yn Lyon ta by it twa moanne duorjend proses tsjin oarlochsmisdiediger Klaus Barbie. Nord skreau in rige artikelen yn Vrij Nederland en in boek oer dy rjochtssaak. Teffens hat Nord boeken oer Albert Helman, Alexander Cohen, en Josepha Mendels skreaun, hie er de einredaksje fan ferskate boeken, en sette er ûnder oaren ferhalen fan Luigi Pirandello en gedichten fan Cesare Pavese oer yn it Nederlânsk.

Max Nord wie fierders foarsitter fan de Feriening fan Letterkundigen. Hy stoar yn de âldens fan 91 jier.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]