Mauritiustsjerke (Jirnsum)

Ut Wikipedy
Mauritiustsjerke

De Mauritiustsjerke fan Jirnsum is in tsjerkegebou yn de gemeente Ljouwert.

De sealtsjerke mei fiifsidige koarsluting is boud troch arsjitekt/oannimmer J.R. Nijdam. De earste stien waard lein op 19 maaie 1877 troch de tsjerkefouden. De tsjerke is yn eklektyske styl boud en hat in neogoatyske yngongspartij. Yn de heal ynboude toer fan trije geledingen mei spits en frontalen hinget in troch Gobel Moer getten liedklok út 1488. It oargel út 1869 is boud troch L. van Dam en Soannen mei gebrûk fan piipwurk fan in oargel út 1636 dat makke waard troch Anthony Verbeek en yn 1704 yn de foargonger fan de tsjerke setten waard.

De tsjerke is yn juny 2010 bûten gebrûk steld en stiet te keap[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

  1. ruimgeloven.nl Mauritiustsjerke Jirnsum