Matti Järvinen
Appearance
| Matti Järvinen | ||
| Matti Järvinen (1932) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Matti Henrikki Järvinen | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 18 febrewaris 1909 | |
| berteplak | Tampere | |
| stjerdatum | 22 july 1985 | |
| stjerplak | Helsinki | |
| lingte | 1.86 m | |
| gewicht | 76 kg | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Atletyk | |
| ûnderdiel | Spearwerpen | |
| O.S. | Los Angeles 1932, Berlyn 1936 | |
| karriêre-ein | 1945 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Matti Henrikki Järvinen, (Tampere, 18 febrewaris 1909 - Helsinki, 22 july 1985) wie in Finsk atleet.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei in Olympysk rekôr fan 72.71 meter, fjouwer jier letter yn Berlyn waard Järvinen fiifde. Yn 1934 en 1938 waard hy Europeesk kampioen spearsmiten.
Järvinen wie in soan fan diskussmiter Verner Järvinen dy't yn 1908 Olympysk kampioen waard. Ek Matti syn bruorren Akilles en Kalle wiene topatleten.
Yn 1939 tsjinne Matti Järvinen yn de Winteroarloch op de Karelyske Lâningte en trainde dêr soldaten yn it smiten fan hângranaten. Nei de kriich waard er ekonomysk adviseur.
Matti Järvinen ferstoar op 22 july 1985 yn 'e âldens fan 76 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
