Springe nei ynhâld

Massa (Itaalje)

Ut Wikipedy
Massa
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Toskane
provinsjeMassa-Carrara
Sifers
Ynwennertal65.648 (31.07.2025)
Oerflak93,84 km²
Befolkingsticht.699,57 ynw./km²
Hichte65 m
Oar
Postkoade54100
Koördinaten44°02' N 10°08' E
Offisjele webside
www.comune.massa.ms.it
Kaart
Massa (Itaalje)
Massa

De stêd Massa leit yn it noardwesten fan 'e Italjaanske regio Toskane oan de foet fan 'e Apeninen en net fier fan 'e Tyrreenske See. Se is de haadstêd fan 'e provinsje Massa-Carrara, dy't bekend stiet om it wite moarmer.

De skiednis fan Massa is nijsgjirrich, om't de stêd in oergong foarmet tusken de kustkultuer fan Liguerje en de lânlike dielen fan Toskane. It gebiet wie al yn 'e Etruskyske en Romeinske tiid bewenne. Oannommen wurdt dat it in lyts plak west ha, mooglik in Romeinske pleats of fêsting en Massa waard pas letter in stêd. Nei it Romeinske Ryk foel de regio ûnder de Langobarden (6e–8e iuw) en dêrnei it Frankyske ryk.

Yn 'e 12e iuw waard Massa it sintrum fan in lytse feodale steat ûnder it hûs Malaspina, in machtich aadlik laach dat oer grutte parten fan 'e Apeninen hearske. It bewâld waard letter yn 'e 15e iuw oernommen troch in oare tûke fan dy famylje: de Cybo-Malaspina's. Under har ûntwikkele Massa him ta in lytse hofstêd.

Kastiel Malaspina.

Yn 1473 waard Ricciarda Cybo-Malaspina grevinne fan Massa en hja troude mei Lorenzo Cibo, in neef fan paus Innosintius VIII. De famylje boude it grutte Castello Malaspina, dat hjoed-de-dei noch boppe de stêd stiet.

Yn 1568 waard Massa formeel it sintrum fan it foarstedom Massa en Carrara, dat oant de Napoleontyske tiid (begjin 19e iuw) selsstannich bleau. Mei't de lêste prinsesse Maria Beatrice d'Este ferstoar kaam der in ein oan it bewâld fan it hûs Cybo-Malaspina. It gebiet waard doe yntegrearre yn it hartochdom Modena.

Yn 1861 waard Massa ûnderdiel fan it nije Keninkryk Itaalje.

Massa lei yn 'e Twadde Wrâldkriich oan 'e Gotenstellung, in ferdigeningsliny dy't de Dútsers bouden nei't Itaalje yn 1943 kapitulearre en fan 'e Tyrreenske See by Massa oant de Adriatyske kust by Rimini rûn. Sa kaam Massa yn it frontgebiet te lizzen: de Alliearden (benammen Britten en Amerikanen) besochten fanút súdlik Toskane troch te brekken nei it noarden, wylst de Dútsers en faksisten de tagong ta de Po-flakte ferdigenen. Sûnt 1944 waard Massa swier bombardearre troch de Alliearden om Dútske posysjes en ferbiningswegen te ferneatigjen. In grut part fan it histoaryske sintrum waard dêrby skansearre of ferneatige. In soad ynwenners flechten nei de bergen of waarden twongen om foar de Dútsers te wurkjen oan ferdigeningswurken.

De befrijing fan 'e bûtenwiken fan Massa op 10 april 1945.

De swier skansearre stêd waard op 10 april 1945 troch Amerikaanske troepen fan it 5e leger befrijd. Nei de oarloch waard Massa werboud en waard se ekonomysk sterk ferbûn mei Carrara troch de moarmeryndustry en toerisme.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Massa is hjoed-de-dei in rêstige, mar histoarysk tige nijsgjirrige stêd mei:

  • it Castello Malaspina, in midsiuwske fêsting mei útsjoch oer de see;
  • de Sint-Piterkatedraal mei romaanske en barokke eleminten;
  • it 16e-iuwske paleis fan 'e hartoch.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Massa fan Wikimedia Commons.