Springe nei ynhâld

Massa-ekstinksje

Ut Wikipedy
In grafyk dy't de stân fan it bioferskaat sjen lit yn it Fanerosoïkum (550 miljoen jier lyn oant hjoed). De giele pylkjes jouwe de fiif grutte massa-ekstinksjes wer. De blauwe pylkjes wize op "gewoane" ekstinksjefoarfallen.

In massa-ekstinksje of massa-útstjerren is het wrâldwiid en massaal útstjerren fan in grut tal soarten organismen yn in relatyf koart tiidsbestek, mei as gefolch it sterk belúnjen fan it bioferskaat op 'e Ierde. Soks bart as it tal gefallen fan it útstjerren fan soarten oanboazet yn ferhâlding ta it "gewoane" foarkommen fan gefallen fan it útstjerren fan soarten. Der bestiet gjin wittenskiplike konsensus oer de fraach hoefolle massa-ekstinksjes oft der west hawwe, mar ornaris wurde der fiif "grutte" massa-ekstinksjes telt.

De "Grutte Fiif"

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skattings fan it tal massa-ekstinksjes rinne útinoar om't der noch in protte ûnbekend is oer de iere biogeografy fan 'e Ierde. En de wól beskikbere gegevens binne foar in oansjenlik diel foar mearderlei ynterpretaasje fetber. Guon saakkundigen telle sadwaande mear as tweintich fan sokke massa-ekstinksjes, wylst oaren it op net mear as fiif hâlde. It is wol dúdlik dat it oantal fan fiif de ûndergrins is. Dy fiif gefallen, dy't yn 1982 troch Jack Sepkoski en David M. Raup yn in tige ynfloedryk wittenskiplik artikel identifisearre waarden, wurde dêrom ek wol oantsjut as de "Grutte Fiif". It giet om de folgjende massa-ekstinksjes:

  1. de Let-Ordovisyske massa-ekstinksje of Ordovisysk-Siluerske massa-ekstinksje, 445–444 miljoen jier lyn. Eins twa aparte ekstinksjebarrens, wêrby't 27% fan alle famyljes, 57% fan alle skaaien en 85% fan alle soarten bisten op 'e wrâld útstoar. Undersiken út 2020 suggerearren dat opwaarming fan 'e Ierde de oarsaak wie en net, sa't eardert tocht waard, it ôfkuoljen fan 'e Ierde útmûnjend yn in iistiid.
  2. de Let-Devoanske massa-ekstinksje, 372–359 miljoen jier lyn. Eins in hiele rige ekstinksjebarrens, dy't in grut diel fan it Let-Devoan oant de oergong nei it Karboan yn beslach namen. De beide grutste ekstinksjefoarfallen wiene de Kellwasser-ekstinksje (372 miljoen jier lyn) en de Hangenberg-ekstinksje (359 miljoen jier lyn). De Kellwasser-ekstinksje trof benammen koraalriffen en tropyske fisken en oare bisten fan 'e seeboaiem, lykas kaakleaze fisken en trilobiten. De Hangenberg-ekstinksje rûge de pânserfisken út en late op in hier nei ta it útstjerren fan 'e ammoniten. By de Let-Devoanske masse-ekstinksje stoar 19% fan alle famyljes, 50% fan alle skaaien en 70% fan alle soarten út.
  3. de Permysk-Triassyske massa-ekstinksje of Let-Permyske massa-ekstinksje, ek wol oantsjut as "it Grutte Stjerren", 252 miljoen jier lyn. Dit wie de grutste massa-ekstinksje út 'e skiednis fan 'e wrâld, wêrby't 53% fan alle yn 'e see libjende famyljes, 84% fan alle yn 'e see libjende skaaien, 81% fan alle yn 'e see libjende soarten en 70% fan alle op it lân libjende soarten wringedieren útstoaren. Ek foar ynsekten wie dit it grutste ekstinksjebarren ea. De trilobiten waarden hjirby foargoed útrûge. De hegemony fan 'e iere synapsiden kaam in ein oan en it duorre 30 miljoen jier ear't de wringedieren wer werom wiene op harren âlde nivo. Resint ûndersyk suggerearret dat de Midden-Permyske ekstinksje (of Kapitaniaanske ekstinksje), dy't oan it "Grutte Stjerren" foarôf gie, wierskynlik in op himsels steand foarfal wie. Der wurdt wol in ferbân lein tusken de Permysk-Triassyske massa-ekstinksje en de asteroïde dy't mei syn ynslach de Araguainhakrater yn Brazylje foarme.
  4. de Triassysk-Sjuerassyske massa-ekstinksje, 201 miljoen jier lyn. Hjirby stoar 23% fan alle famyljes, 48% fan alle skaaien en 70–75% fan alle soarten út. De measte net-dinosauryske archosauriërs, de measte terapsiden en de measte grutte amfibyen ferdwûnen, wêrmei't it paad klearre wie foar de dinosauriërs om, alteast op it lân, de Ierde te oerhearskjen. Yn 'e see bleaune lykwols net-archosauryske diapsiden dominant.
  5. de Krytsk-Paleogene massa-ekstinksje, Let-Krytske massa-ekstinksje of Krytsk-Tertiêre massa-ekstinksje, 66 miljoen jier lyn. Sa'n 17% fan alle famyljes, 50% fan alle skaaien en 75% fan alle soarten stoar hjirby út. Yn 'e see ferdwûnen alle ammoniten, plesiosauriërs en mosasauriërs, en it persintaazje fan sessile (net-mobile) bisten (lykas spûnzen, koraal en anemoanen) gie omleech fan 50% nei 33% fan alle soarten. Op it lân stoaren alle dinosauriërs út behalven de fûgels. Neitiid kamen op it lân sûchdieren en fûgels as de dominante dierlike libbensfoarmen út 'e bus. De oarsaak fan dit barren wie nei alle gedachten in ekstreme klimaatferoaring (eins mear in soarte fan nukleêre winter), dy't it gefolch wie fan 'e ynslach fan in asteroïde dy't nei de Chicxulub-krater op en foar de kust fan it Jûkatanskiereilân yn Meksiko de Chicxulub-asteroïde neamd wurdt.

Sechsde massa-ekstinksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As sechsde massa-ekstinksje wurdt wol de Holosene massa-ekstinksje neamd, dy't fan 8000 f.Kr. oan no ta geande is. Dizze massa-ekstinksje is hielendal te witen oan minsklik hanneljen, fral troch oerbejaging, habitatferneatiging en de yntroduksje fan skealike eksoaten. In earder barren, de Let-Pleistosene massa-ekstinksje, wêrby't 50.000–10.000 jier lyn megafauna as de hoaleliuw, de hoalebear, de reuzewolf, de Amerikaanske mammoet en de Neändertaler útstoar, stiet los fan 'e Holosene massa-ekstinksje. By de Holosene massa-ekstinksje boaze it tempo fan útstjerren de earste tûzenen jierren mar hiel stadich oan, mar sûnt likernôch 1500 binne (yn 500 jier tiid) 22% fan 'e sûchdieresoarten, 14% fan 'e fûgelsoarten, 29% fan 'e reptilesoarten, 31–43% fan 'e amfibyesoarten en 28% fan 'e fiskesoarten útstoarn. Troch yndirekt hanneljen fan 'e minske (spesifyk: klimaatferoaring) giet op dit stuit in hiele nije rige bisten op útstjerren ta, lykas de iisbear, de walrus en de keizerspinguïn.

Der is in protte spekulearre oer de krekte oarsaken fan massa-ekstinksjes, mar mei wissichheid falt der net folle oer te sizzen. Ien fan 'e wierskynlikste oarsaken is in grut, relatyf hommels oanboazjen fan fulkanisme, mei as gefolch dat de atmosfear fol fulkanyske jiskedieltsjes komt te sitten. Dy keare it sinneljocht tsjin en meitsje fotosynteze fan planten ûnmooglik sadat planten deageane en dêrtroch ek plante-itende dieren en dêrtroch ek rôfdieren. In oar gefolch fan massyf fulkanisme is in broeikaseffekt. Oare oarsaken dy't foar alteast ien fan 'e massa-ekstinksjes ferantwurdlik wêze lykje te kinnen, binne: in delgong yn it seenivo, in asteroïde-ynslach, in nova of supernova dy't yn astronomyske termen deunby plakfûn, it ôfkuoljen fan 'e Ierde, it opwaarmjen fan 'e Ierde, metaanhydraaterupsjes en anoksyske foarfallen (wêrby't soerstofleas wetter út 'e djipsee boppe komt, mei as gefolch dat soerstofsykheljende fisken oan it see-oerflak stikke).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.