Maskerwurger
| maskerwurger | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lanius nubicus | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel wintergast |
De maskerwurger (Lanius nubicus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is mei in lingte fan 17 oant 18,5 sm lytser as alle oare soarten wurgers. De sturt is relatyf lang en swart fan kleur. It mantsje hat in swarte rêch, eachstreek en krún. Tusken de krún en de eachstreek, op 'e foarholle en op 'e kiel is de fûgel wyt. Fierders sit der op 'e wjuk in grut wyt plak. De bûk en it boarst binne ljocht en de flanken binne oranje. It wyfke liket soms sterk op it mantsje, mar is trochstrings doffer en griis kleure dêr't it mantsje swart is.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De maskerwurger komt as briedfûgel foar fan Grikelân oant it sudwesten fan Iran en oerwinteret yn Afrika en yn it suden fan it Arabysk skiereilân. It leefgebiet bestiet út healiepen, diels boskich terrein. Wichtich is de ôfwikseling fan iepen plakken en strewellen. De maskerwurger sit net lykas de oare wurgersoarten op opfallende plakken, mar hâldt him mear skûl.
Foarkommen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is yn Nederlân in hiele seldsume dwaalgast dy't mar ien kear sjoen is, nammentlik yn 2016 op Skylge.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De maskerwurger hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren net so grut. De grutte fan 'e populaasje is neffens in rûge rûzing út 2016 tusken de 120 en 350 tûzen folwoeksen fûgels. De populaasjetrend is lykwols negatyf, mar de delgong giet net hiel rap. Dêrfandinne stiet de maskerwurger as net bedrige op 'e Reade List fan de IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wurger
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
