Maskerwilster
| Maskerwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thinornis melanops | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel |
De maskerwilster (Thinornis melanops, synonym: Charadrius melanops) is in fûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
De soarte waard foarhinne yn it monotypyske skaai Elseyornis set, mar molekulêr fylogenetysk ûndersyk dat yn 2022 publisearre waard, wiisde út dat de soarte ynbêde wie yn in klade mei leden fan it skaai Thinornis. Dêrom ferhûze de maskerwilster nei Thinornis. De soarte is monotypysk; der wurde gjin ûndersoarten erkend.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In folwoeksen fûgel fan dizze lytse wilster wurdt 16 oant 18 sm lang, hat in spanwiidte fan 33 oant 35 sm lang en wurdt 30 oant 35 gram swier. De skaaien ha in soad fan inoar. De fûgel hat in swart masker, in swarte foarholle en in swarte boarstbân yn in V-foarm. De rêch is brúnbûnt mei de wjukken en de krún yn 'e selde kleur. De eachring is read. De basis fan 'e snaffel is ek read mei in swart punt en syn poaten binne bleek oranje. Oars as oare wilsters hat de maskerwilster it hiele jier troch itselde fearrekleed. Juvenilen binne doffer fan kleur, ha in grize snaffel en gjin swarte foarholle en swarte boarstbân.
Ferprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maskerwilsters binne lânseigen yn it fêstelân fan Austraalje en op Tasmaanje. Se komme yn it grutste part fan it kontinint foar, mei útsûndering yn 'e Grutte Fiktoariawoastyn. Se binne ek seldsum oan 'e kust, mar binne faak wol te finen yn oanbuorjende wiete gebieten. De soarte kolonisearre yn 'e jierren 1950 op eigen krêft dielen fan Nij-Seelân. Dêr waard de fûgel foar it earst yn 1954 op it Noardereilân sjoen (Hawke's Bay). Sûnt de jierren 1970 kolonisearre de fûgel ek it grutste part fan it Sudereilân, fral de gebieten oan 'e rivieren Wairau en Awatere.
It habitat bestiet út rânen fan swietwettergebieten lykas sompen, marren, rivieren, opslachmarren en ek ûndjippe, tydlike dobben. Somtiden (mar minder faak) wurdt er op it waad of by estuaria waarnommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harren iten bestiet meastentiids út skaaldieren, ynsekten en sied. Se foerazjearje troch koarte stikjes hurd te rinnen en te stoppen om mei in flugge op en delgeande beweging in proai te pikken.

Se briede tusken augustus en febrewaris, mar eins fral as de omstannichheden geunstich binne, bygelyks nei't der yn it noarden fan Austraalje genôch rein fallen is. By de balts roppe beide skaaien en meitsje se yn 'e loft akrobatyske bewegingen. It nêst bestiet út in kûltsje mei skelpen, kiezelstientsjes en tûkjes. De aaien binne griisgiel mei brune plakjes. Beide âlders briede de twa oant trije aaikes út. As de aaikes by it brieden te waarm wurde, giet de fûgel boppe de aaien stean om se te beskermjen tsjin 'e baarnende sinne of se kuolje de aaikes ôf troch harren búk wiet te meitsjen. De ynkubaasjetiid duorret fjouwer oant fiif wiken. Sa'n 24 oeren nei it útkommen fan 'e aaien sykje de pykjes in minder bleatsteld plak út, wylst beide âlden foar se soargje. De âlders hâlde predators by it nêst of de pykjes wei troch krekt te dwaan as se ferwûne binne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list. In rûzing fan Wetlands International (2023) hâldt de populaasje op 7.800 oant 17.800 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
