Springe nei ynhâld

Maskerstikelsturt

Ut Wikipedy
Maskerstikelsturt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai maskerstikelsturten (Nomonyx)
Ridgway, 1880
soarte
Nomonyx dominicus
Pallas, 1769
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De maskerstikelsturt (Nomonyx dominicus) is in einesoarte út de famylje einfûgels (Anatidae).

Jerk.
Sijke.

Yn 'e briedtiid ha folwoeksen jerken in rustbrún bealchje, in swarte kop en bûnte wjukken. Folwoeksen sijkes en jerken yn harren winterkleed ha in brúngriis bealchje mei streken en twa horisontale donkerkleurige streken oer it bleke gesicht.

Se wurde fan it suden fan Teksas en Meksiko oant en mei Súd-Amearika en de Kariben waarnommen. De fûgel is net in trekfûgel en se komme as dwaalgast selden foar yn 'e meast súdlike dielen fan 'e Feriene Steaten, oan 'e Meksikaanske grins en yn Florida. De populaasje fan Teksas soe yn 2000 om 3.800 fûgels gean.

Maskerstikelsturten briede yn 'e lijte fan beamtegrien lizzende sompen, marren en oar wetter mei in soad begroeiïng. Ek wurde se yn mangroves waarnommen.

Maskerstikelsturten ite foar it measte sied, woartels, stâltsjes, blêd en wetterplanten. Ek wetterynsekten en oare lytse dierkes wurde iten. Se sykje harren iten troch te dûken.

De soarte is skou, mar net seldsum en wurdt troch de IUCN as net bedrige beskôge.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Masked duck


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory maskerstikelsturt fan Wikimedia Commons.