Springe nei ynhâld

Maskergaaien

Ut Wikipedy
Maskergaaien
Brune gaai
Brune gaai
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
sûnder rang:echte sjongfûgels (Euoscines)
tuskenskift:krie-eftigen (Corvides)
boppefamylje:echte krie-eftigen (Corvoidea)
famylje:kriefûgels (Corvidae)
ûnderfamylje:maskergaaifûgels
   (Cyanocoracinae)
skaai:maskergaaien (Cyanocorax)
Boie, 1826

De maskergaaien of ravensgaaien (Cyanocorax) foarmje in fûgelskaai út de famylje kriefûgels (Corvidae). De typesoarte fan it skaai is de brune gaai (Cyanocorax morio).

Se wurde likernôch 25 oant 40 sm lang en ha in slank oant stevich bealchje mei sterke skonken en sterke klauwen. Meastentiids ha se in kombinaasje fan blauwe, swarte, fiolette, poarperen of wite kleuren. Guon soarten ha túfkes. Se ha lytse oant middelgrutte snavels, dy't geskikt binne foar it iten fan fruchten, ynsekten en lytse proaidieren.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels binne tige sosjaal en wurde faak yn lytse groepen of famyljeferbân waarnommen. Se binne ek lûdroftich, yntelligint en nijsgjirrich. Guon soarten libje heech yn 'e beammen, oaren mear yn legere dielen fan beammen of strûken of oan boskrânen. Se bouwe harren nêsten yn beammen of strûken en in lechsel bestiet út 2 oant 5 aaien, beide âlders briede en fuorje de jonge fûgels.

De soarten komme meast foar yn Midden- en Súd-Amearika.

It skaai bestiet út 20 soarten.

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingIUCN-status/Trend
Cyanocorax affinisswartboarstgaaiKolombia, noardwestlik Fenezuëla, Panama en meast eastlike diel fan Kosta Rikanet bedrige
stabyl[1]
Cyanocorax beecheiipoarperrêchgaaiNoardwest-Meksikonet bedrige
stabyl[2]
Cyanocorax cayanuswytwanggaaiBrazylje, Frânsk-Guyana, Guyana, Suriname, Fenezuëlanet bedrige
stabyl[3]
Cyanocorax cyanomelaspoarpergaaiNoard-Argentynje, Bolivia, Súd-Brazylje, Paraguay, Súdeastlik Perûnet bedrige
stabyl[4]
Cyanocorax cyanopogonwytnekkegaaiBrazyljenet bedrige
[5]
Cyanocorax collieiswartkielekstergaaiWestlik Meksikonet bedrige
[6]
Cyanocorax caeruleusazuerblauwe gaaiSúdeast-Brazylje (São Paulo oant Rio Grande do Sul), meast eastlike diel fan Paraguay en it meast noardeastlike diel fan Argentynjehast bedrige
[7]
Cyanocorax cristatelluskroltoefgaaiNoardeastlik Brazyljenet bedrige
stabyl[8]
Cyanocorax chrysopsswartkroangaaisúdwestlik Brazylje, Bolivia, Paragûay Oerûguay, Noardeast-Argentynjenet bedrige
[9]
Cyanocorax dickeyikroangaaiWestlike Sierra Madre fan Sinaloa en Durango, Meksikohast bedrige
[10]
Cyanocorax formosuswytkielekstergaaiSúdwest-Meksiko oant Kosta Rikanet bedrige
stabyl[11]
Cyanocorax heilpriniAzuernekkegaaiBrazylje, Kolombia, Fenezuëlanet bedrige
[12]
Cyanocorax yncasInkagaaiAndesberchtme fan Kolombia en Fenezuëla troch Ekwador en Perû oant Bolivianet bedrige
[13]
Cyanocorax yucatanicusJûkatangaaiJûkatannet bedrige
stabyl[14]
Cyanocorax luxuosusgriene gaaiSúdlik Teksas oant Hondoerasgjin status, wurdt troch IUCN as ûndersoarte fan 'e Inkagaai beskôge.
Cyanocorax melanocyaneusbosktoefgaaiGûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûanet bedrige
stabyl[15]
Cyanocorax mystacaliswytsturtgaaiEkwador en Perûnet bedrige
[16]
Cyanocorax moriobrune gaaiEastlik Meksiko en Midden-Amearika, ek yn Súd-Teksasnet bedrige
stabyl[17]
Cyanocorax sanblasianusgieleachgaaiMeksikonet bedrige
[18]
Cyanocorax violaceusfioletgaaiBolivia, Brazylje, Kolombia, Ekwador, Guyana, Perû, Fenezuëlanet bedrige
[19]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: