Springe nei ynhâld

Maskerdoke

Ut Wikipedy
Maskerdoke

Mantsje.

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai maskerdowen (Oena)
Swainson, 1837
soarte
Oena capensis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige

It maskerdoke (Oena capensis) is in fûgel dat yn Afrika foarkomt. It is de iennige soarte yn it skaai maskerdowen (Oena).

Mantsje mei iepen wjukken.

Maskerdokes binne lytse dokes fan 22 sm lang mei in spanwiidte fan 28 oant 33 sm en in gewicht fan 40 gram. De sturt fan 'e fûgel is hast like lang as de rest fan 'e fûgel, dy't likernôch like grut is as in mosk. It gesicht, it boarst en de hals fan it mantsje binne swart en de rêch is brúneftich griis. It maskerdoke hat in giel en reade snaffel. It wyfke is brúnefich griis mei in grize snaffel en in ljochtere ûnderkant. By wyfkes ûntbrekt it masker.

De sturtfearren binne foar in grut part swart. De haadslachpinnen en primêre dekfearren fan 'e wjukken binne rustbrún mei swarte rânen.

Maskerdokes ha in grut ferspriedingsgebieten. Se libje yn drûge gebieten lykas healwoastinen mar ek yn agrarysk lânskip.

Maskerdoke op Madagaskar.

Der binne twa ûndersoarten:

Jong maskerdoke.

Maskerdokes kinne goed fleane en by it delkommen wurdt de sturt as in brede waaier iepene. Se libje in soad op 'e grûn en foerazjeare meast op iepen terrein en oan 'e kant fan 'e dyk. It iten bestiet út lyts sied, lykas fan gers, sigge en ûnkrûd. Yn 'e regel wurde maskerdowen allinne oantroffen of yn pearkes, al kinne se by wetter gruttere groepen foarmje.

In nêst wurdt fan takjes yn in strûk boud. Der wurde twa wite aaikes lein, dy't yn 16 dagen útbret wurde. It wyfkes briedt Se bouwe in plat nêst fan plantaardich materiaal yn tichte strûken. Nei goed twa wiken kinne de jongen útfleane. Se kinne faker yn it seizoen briede. Wyfkes en mantsjes briede.

Oannommen wurdt dat de populaasje tanimt. It maskerdoke is faak algemien oant talryk en om dy redenen wurdt de fûgel as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Swartmaskerdokes wurde in soad as folièrefûgels holden. Se kinne it bêste as pearke holden wurde mei oare fûgelsoarten, mar net mei dowen. Se hâlde fan fan waarmte en sinne en kinne min kjeld en focht ferneare. Foar kâlde nachten is in ferwaarme winterhok needsaaklik.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: