Springe nei ynhâld

Maskarenenpappegaai

Ut Wikipedy
Maskarenenpappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiMaskarenenpappegaaien (Mascarinus) Lesson, 1830
soarte
† Mascarinus mascarin
Linnaeus, 1771
útstoarn foar 1800

De Maskarenenpappegaai (Mascarinus mascarin) wie in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae). De pappegaai libbe op it eilân Reünion en is nei alle gedachten al foar 1800 útstoarn. Mooglik hat de Maskarenenpappegaai ek op Mauritius libbe. Yn in 17e-iuwsk ferslach fan 'e Ingelske reizger Peter Mundy wurde "readbrune pappegaaien" neamd. It soe dus mooglik wêze kinne om 't Réunion en Mauritsius guon bistesoarten diele, mar der binne noch gjin fossilen as bewiis fûn.

De Maskarenenpapegaai wie 35 sm lang mei in grutte reade snaffel en lange, rûne sturtfearren. Syn poaten wiene read en om 'e eagen en noastergatten hie de fûgel in bleate reade hûd. De soarte hie in swart gesichtsmasker en foar in part wite sturtfearren, mar de kleur fan it bealchje, de wjukken en de kop binne ûndúdlik. Beskriuwingen út de tiid dat de fûgel noch libbe skriuwe oer in jiskegrize kop en bealch en in sturt wêrfan't it wite diel twa donkere sintrale fearren hie. Dêrfoaroer binne der op basis fan opstoppe eksimplaren en âlde beskriuwingen fan deade fûgels ferslaggen dy't in brún bealchje en in blaueftige kop neame. Soks kin komme om't deade eksimplaren fan kleur feroaren troch ferâldering en de bleatstelling oan it ljocht. Der is hast neat bekend oer it hâlden en dragen fan 'e fûgel.

De Maskarenenpapegaai waard foar it earst yn 1674 neamd en dêrnei binne libbene eksimplaren nei Jeropa brocht, dêr't se yn finzenskip libben. De soarte waard wittenskiplik beskreaun yn 1771. Der besteane hjoed de dei mar twa opstoppe eksimplaren, ien yn Parys en ien yn Wenen. De datum en oarsaak fan útstjerren fan 'e Maskarenenpapegaai is net hiel dúdlik.

Ofbyld fan 'e fûgel yn Histoire des Oiseaux fan François-Nicolas Martinet.

Yn 1834 publisearre de Dútske soölooch Carl Wilhelm Hahn in faak oanhelle ferslach fan in libbene Maskarenenpappegaai yn it besit fan kening Maksimiliaan I Joazef fan Beieren. De fûgel moat doe tige âld west hawwe en Hahn ornearre dat in begeliedende yllustraasje neffens dat eksimplaar tekene wie. De Reade List fan 'e IUCN akseptearret it ferslach út 1834 as de lêste fermelding fan in libben eksimplaar.

De wierheid fan Hahn syn bewearing waard lykwols al yn 1876 betwifele en de yllustraasje liket plagiaat te wêzen fan 'e plaat fan François-Nicolas Martinet, dy't teminsten 50 jier earder publisearre wie. Nei't kening Maksimiliaan yn 1825 ferstoar, waard syn fûgelkolleksje feild, mar by de ynvintaris fan 'e soarten stie gjin Maskarenenpappegaai. Hahn neamde ek de datum net wêrop't er de fûgel sjoen hie, dat lang foar 1834 west hawwe kin. It feit dat Martinet syn ôfbylding kopiearre is en dat der gjin opstoppe eksimplaar bestean bleaun is út dy kolleksje, al soe soks yn it gefal fan sa'n seldsume fûgel wierskynlik wol bard wêze, makket Hahn syn ferslach twifelich. Hy kin syn ferslach ek op oare boarnen basearre ha of sels fan hearren en sizzen hân hawwe.

Ien fan 'e lêste wisse ferslaggen fan libbene eksimplaren is de folgjende beskriuwing út 1784 fan Mauduyt, dy't basearre is op finzen fûgels:

De Maskarenenpappegaai wurdt op Île Bourbon [Réunion] oantroffen; ik haw ferskate libbene fûgels sjoen yn Parys, it wiene frij freonlike fûgels; se hiene allinnich yn harren foardiel dat de reade snaffel moai kontrastearre mei de donkere eftergrûn fan har fearrekleed; se hiene net leard te praten.

Yn tsjinstelling ta de bewearingen fan Feuilley neamde Dubois dat de Maskarenenpapegaai net ytber wie, wat derta laat hawwe kin dat besikers fan Réunion him meast skouderen. It wie de lêste fan 'e lânseigen pappegaaien fan Réunion dy't útstoar. De ienige endemyske fûgelsoarte op Réunion dy't nei de Maskarenenpappegaai útstoar wie de hûpeprotter (Fregilupus varius) healwei de 19e iuw.

Fan 'e acht soarten pappegaaien dy't op 'e Maskarenen endemysk wiene, bestiet allinne de Mauritsiusparkyt (Psittacula echo) noch. De oare soarten binne nei alle gedachten útstoarn troch in kombinaasje fan swiere jacht en ferneatiging fan habitat. De oarsaak en datum fan útstjerren fan 'e Maskarenenpappegaai is lykwols ûnwis.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: