Maskareenske grize parkyt
| Maskareenske grize parkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| † Psittacula bensoni | ||||||||||||
| Holyoak, 1973 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Lokaasje fan Mauritius, dêr't de subfossilen fûn binne. |
De Maskareenske grize parkyt (Psittacula bensoni) is in útstoarne pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae). De Maskareenske grize parkyt wie endemysk op 'e Maskareenske eilannen Mauritsius en Reünion yn 'e westlike Yndyske Oseaan.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De subfossile bonken fan 'e fûgel dy't op Mauritius fûn waarden, binne foar it earst yn 1973 wittenskiplik beskreaun as in lytsere sibbe fan 'e breedbekpappegaai fan it skaai Lophopsittacus. Los fan it formaat liken de bonken in soad op dy fan oare Maskareenske parkiten en letter binne de subfossilen tegearre mei in yn 1602 yn in krante publisearre yllustraasje ferbûn mei 17e- en 18e-iuwske beskriuwingen fan lytse grize parkiten op Mauritius en Reünion. De soarte waard yn 2007 troch Julian P. Hume ûnder it skaai ealparkiten (Psittacula) set.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wie oars as de measte oare soarten fan it skaai griis yn stee fan grien en hie in lange sturt. Se hiene in relatyf grutte snaffel en it skelet fan 'e fûgel wie te ferlikenjen mei de grutte Aleksanderparkyt, alhoewol't guon bonken grutter en steviger wiene. De fûgels wiene maklik om op te jeijen en troch de rop fan ien fongen fûgel wie it ienfâldich om in hiele kloft te fangen troch se gewoan mei stokken út de loft te slaan. Fanwegen it gemak fan it fangen wie de jacht op 'e soarte grouwélich en grutskalich. It brocht de soarte yn kombinaasje mei de grutskalige kap fan bosken ta útstjerren. Yn 'e jierren 1730 barde dat op Reünion en yn 'e jierren 1760 op Mauritius.
Nei de komst fan minsken op 'e eilannen binne in soad endemyske soarten útroege, sadat de ekosystemen fan 'e eilannen slim oantaast waarden en dreech te rekonstruearjen binne. Foar de komst fan minske wiene de eilannen oerdutsen mei bosken, dêr't hjoed-de-dei hast neat mear fan oer is. Ek de noch libjende endemyske fauna fan 'e Maskarenen stiet ûnder swiere druk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Mascarene grey parakeet
|
