Masjhad
| Masjhad مشهد | ||
| Skryn fan imam Reza | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | Razavi-Chorasan | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.001.184 | |
| Oerflak | 351 km² | |
| Befolkingsticht. | 6.500/km² | |
| Hichte | 995 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 818 n.Kr. | |
| Tiidsône | UTC +3:30 (IRST) | |
| Koördinaten | 36° 20' N 59° 33' E | |
| Koohsangistrjitte | ||
| Offisjele webside | ||
| www.mashhad.ir | ||
| Kaart | ||
Masjhad of Mesjhed (Perzysk: مشهد) is de op ien nei grutste stêd fan Iran, nei de haadstêd Teheran, mei likernôch 3 miljoen ynwenners. It is de haadstêd fan de provinsje Razavi-Chorasan yn it noardeasten fan it lân. Masjhad wurdt befolke troch in mearderheid fan Perzen en minderheden fan Koerden en Turkmenen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan de stêd is net dúdlik, mar giet mooglik werom ta Aleksander de Grutte doe't dy yn 'e omkriten kaam. De stêd begûn earst te waaksen ne't imam Reza, de achtste fan de tolversjiïten dêre begroeven waard. Syn grêf woeks út ta beafeartsoarde en loek in soad pylgers.
Yn 'e iuwen dêrnei rekke de stêd in soad kearen skeind, dochs waard hieltyd weropboud. Yn 'e snuorje fan it Il-kanaat, it Mongoalske Ryk yn Perzje, woeks de stêd út ta wichtichste stêd fan de krite Chorasan, yn it nediel fan Tûs.
Sjah Rûch, de soan fan Timoer Lenk, boude it mausoleum fan reza fierder út. Dêrnei waard de stêd troch sûnnityske Oezbeken oermastere en foar in part ferneatige.
Mei it opkommen fan 'e dynasty fan de Safawiden, dy't it sjiïsme de steatsreligy makken, waard Masjhad earst echt in wichtige stêd. Under harren lieding waarden ferskate gebouwen yn Masjhad boud.
Yn 1772 waard de stêd, lykas oare parten fan Iran, troch Afganen oermastere. Nei it ferdriuwen fan de Afganen bleau de stêd ûnder Perzysk bestjoer. Yn 1839 wie it Allahdad-ynsidint, rjochte tsjin de Joadske befolking fan de stêd.
Sjah Mohammed Reza Pahlavi joech by in demonstraasje fan boargers dy't demonstrearren foar it rjocht religueuze klaaiïnge te dragen, opdracht op har te sjitten. Hûnderten boargers kamen dêr by om it libben en it droech yn grutte mjitte by oan de ûnfrede dy't letter ta de Iraanske Revolúsje late.
Sûnt de Iraanske Revolúsje waarden dêr ferskate religueuze gebouwen yn Masjhad byboud.
Op 20 juny 1994 ûtplofte in bom yn 'e gebedsromte fan de skryn fan imam Reza. Dêr kamen 25 minsken by om it libben.De Pakistaanske terrorist Ramzi Yousef, in sûnnyt dy't ta it Wahabisme bekeard waard, dy't ien fan de dieders fan de bomûntploffing yn it World Trade Center yn New York yn 1993 wie, siet efter de bomoanslach yn Masjhad.
Yn 2005 kaam Masjdad yn it nijs doe't twa jonge manlju op 19 july ophongen waarden nei't se feroardiele wiene foar it ferkrêftsjen fan in jonge jongfeint, rôf en alkoholkonsumpsje.
Op 22 jannewaris 2026, by it bloedbad yn Iran yn 2026, waard de 33-jierrige Ali Rahbar neffens de berjochten yn Masjhad terjochtsteld, ien fan de earste demonstranten dy't terjochtsteld waard. De Iraanske rjochterlike macht ûntkende dat er eksekutearre wie en ferklearre dat in sokssoarte persoan nea oanholden wie.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit op in hichte fan krapoan 1000 meter boppe seenivo yn in delling fan de rivier de Kasjafrûd tusken twa berchrêgen. De stêd leit 250 km fan Asjchabat, de haadstêd fan Turkmenistan.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Masjhad hat in kâld semydrûch klimaat, BSk neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen mei hiel waarme simmerdeis, kâlde winterdeis en mediterrane drûge simmers mei in trochsneed delslach fan 250 mm yn 't jier, dêr't somtiden wat snie fan is. Masjhad hat wieter en drûgere perioaden dêr't de measte delslach tusken desmber en maaie fan falt. Simmerdeis binne ornarris hjit en drûchhawwe in trochsneed temperatuer fan 33 °C of mear. Winterdeis binne ornaris koel oant kâld en in bytsje dampich mei nachttemperatueren fan ûnder it friespunt. Masjhad hat in trochsneed fan mear as 2900 oeren it jier sinneljocht.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Masjhad is in toeristyske stêd, benammen troch de oanwêzigens fan it grêf fan imam Reza. Der komme alle jierren miljoenen besikers nei de Masjhad, itjinge de stêd ien fan de grutste beafeartsoarden fan 'e wrâld makket.
Masjhad is ek in yndustrystêd en hat in ynternasjonale lofthaven en in metronetwurk.
Mashhad stiet lykas in soad stêden en kriten yn Iran bekend om syn moaie Perzyske tapiten.
Berne yn Masjhad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ali al-Sistani (1930), grutajatollah fan Irak
- Ali Chamenei (1939-2026), grutajatollah; sûnt 1989 heechste lieder fan Iran
- Ebrahim Raisi (1960-2024), politikus; presidint fan Iran 2021-2024
- Reza Ghoochannejhad (1987), Iraansk-Nederlânsk fuotballer, dy't ûnder oaren by SC It Hearrenfean en SK Cambuur spile hat.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele hiemside fan Masjhad (yn Perzysk)
- Astan Quds Razavi
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mashhad fan Wikimedia Commons. |