Masanori Yusa
Masanori Yusa | ||
![]() | ||
![]() | ||
Masanori Yusa (1936) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Masanori Yusa | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 20 jannewaris 1915 | |
berteplak | Kagawa | |
stjerdatum | 8 maart 1975 | |
stjerplak | Tokio | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Swimmen | |
ûnderdiel | Frije slach | |
O.S. | Los Angeles 1932 Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() |
Masanori Yusa (Kagawa, 20 jannewaris 1915 - Tokio, 8 maart 1975) wie in Japansk swimmer.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear Olympysk kampioen op de 4x100 meter frije slach estafette yn Los Angeles mei Yasuji Miyazaki, Takashi Yokoyama en Hisakichi Toyoda, yn Berlyn wûn hy mei Shigeo Sugiura, Masaharu Taguchi en Shigeo Arai. Yn Berlyn wûn er ek noch in yndividuele sulveren medalje op de 100 meter frije slach.
Nei syn ôfstudearjen oan de Nihon University gie Yusa wurkjen foar in bannefabrikant en yn 1942 troude er mei aktrise Yumeko Aizome, harren dochter Makoto waard ek aktrise mei de artsistenamme Naoko Yusa. Nei de Twadde Wrâldkriich wurke Masanori as technysk ynstrukteur foar de Japanske Swimfederaasje.
Masanori Yusa ferstoar op 8 maart 1975, yn 'e âldens fan 60 jier, oan de gefolgen fan magekanker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|