Springe nei ynhâld

Masaimosk

Ut Wikipedy
Masaimosk

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer rufocinctus
Fischer & Reichenow, 1884
IUCN-status: net bedrige

De Masaimosk (Passer rufocinctus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

De Masaimosk is in typyske mosk mei in streke rêch, in grize krún en nekke en in swart plak op it boarst. Yn 'e flecht is dúdlik de oranjereade boppestút te sjen. De skaaien ha in soad fan inoar, mar it mantsje syn boarstplak is mear útsprutsen swart en hy hat mear oranjeread op it gesicht. Beide skaaien ha ljochte eagen, itjinge de soarte ûnderskiedt fan 'e savannemosk (Passer shelleyi). De rop is in fleurich tsjilpen, lykas by oare mosken.

Masaimosken komme yn Kenia en Tanzania foar en ha in foarkar foar drûge, boskrike savannes en lânbougebieten.

De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e rustmosk (Passer motitensis). Oaren behannelje de Masaimosk tegearre mei de rustmosk as in ûndersoarte fan 'e Kordofanmosk (Passer cordofanicus). Hy wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ûnderferdield wurdt.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte komt lokaal foar yn drûge savannes mei iepen bosken en akasiabeammen, mar ek yn lânbougebieten en yn doarpen of stêden. De fûgel foerazjearret lykas oare mosken op 'e grûn en yt sied. Oan jonge fûgels fuorje se ek ynsekten. It nêst wurdt troch it mantsje en it wyfke boud en it wyfke leit trije oan fiif aaien.

De soarte is gewoan yn syn ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: