Springe nei ynhâld

Mary Opeloge

Ut Wikipedy
Mary Opeloge
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMary Opeloge
nasjonaliteit Samoaansk
bertedatum24 jannewaris 1992
berteplakMotootua (Samoä)
etnisiteit Samoaansk
gewicht74 kg
sportive ynformaasje
sportgewichtheffen
ûnderdiel< 75 kg
O.S.Rio de Janeiro 2016

Mary Opeloge (Motootua, 24 jannewaris 1992) is in Samoaansk gewichthefster.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opeloge waard yn 1992 berne yn Motootua, op Samoä. Hja is de jongere suster fan 'e bruorren Ele Opeloge en Niusila Opeloge, dy't krekt as harsels gewichtheffers binne, en dy't beiden in goudene medalje wûnen op 'e Mienebêstspullen fan 2014. Dêropta binne der noch twa oare bruorren, dy't ek oan gewichtheffen dogge.

Mary Opeloge naam diel oan it gewichtheffen foar froulju yn 'e kategory ûnder de 75 kg op 'e Mienebêstspullen fan 2014 yn it Skotske Glasgow. Dêrby wûn se in sulverne medalje. Op 'e Oseänyske kampioenskip gewichtheffen fan 2016, yn 'e Fidzjiaanske haadstêd Suva, wûn se in gouden medalje. Letter dat jiers kaam Opeloge foar har heitelân Samoä út op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.