Springe nei ynhâld

Marty Poorter

Ut Wikipedy
Minsk en dier

Marty Poorter (Delft, 1954) is in byldzjend keunstner mei in atelier (Dunamis) oan de Bokkekampswei yn Donkerbroek. Nei de Frije Akademy yn De Haach (1975-1976) gie se nei de Akademy foar byldzjende keunsten yn De Haach (1976-1978) en Akademy Minerva yn Grins (1987-1990).

Ynspiraasje by al har wurken is Langstme. In langstme om linen en gebearten op gefoel fêst te lizzen sadat it de taskôger boeit. De skientme fan de natoer en de relaasje minsk en bist besiket se mei emoasje te registrearjen. Har wurk bestiet út tekeningen, skilderijen, monotypes, mingde techniken en drûge nuddeletsen.

Har wurk wie op in soad eksposysjes te sjen lykas yn galery's op De Gordyk, Amsterdam, Elslo en Warkum, mar ek yn Museum De Jouwer en it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert.

  • 1991 GKK-Aa Kunst ’91, Grins, katalogus
  • 1991 OOG-TV, telefyzjeopname, Grins
  • 1992 Byldzjende Keunstners yn Fryslân, publikaasje FryskKeunstynstitút, Ljouwert
  • 1992 iP2r90, Liter.fr.polemysk tydskrift Josse de Haan
  • 1992 Kikkertobsesje koart ferhaal yn "Pompeblêd" en Hjir (nr 4)
  • 1994 OSKAR-TV, telefyzjeopname De Jouwer

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: