Martinytsjerke (Koudum)
Martinytsjerke (Koudum) | ||
De Martinytsjerke fan Koudum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Koudum | |
adres | Smidswei 2 | |
koördinaten | 52° 54' 51" NB, 5° 26' 54" EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Martinus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1857 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21479 | |
Kaart | ||
De Martinytsjerke is in tsjerke yn Koudum yn de provinsje Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeistige tsjerke moat op syn minst de fjirde tsjerke west ha dy't op dat plak boud is en waard yn 1857 boud as opfolger fan in achtkantige koepeltsjerke. Dy eardere koepeltsjerke hat mar in 25 jier op syn stee stien en kaam destiids yn it plak foar in krústsjerke dy't 16 iuwske skaaimerken hie. Ek dy tsjerke hie wer in foargonger, nei alle gedachten stie der yn de iere midsiuwen al in tsjerke op dat plak. By de bou fan de hjoeddeistige tsjerke yn 1857 kaam der in sarkofaach út de 11e iuw oan it ljocht, dy't op dit stuit bewarre wurdt yn Jannum. De tsjerke hat oarspronklik wijd west oan de hillige Martinus fan Tours.
It santjinde iuwske ynterieur fan de hjoeddeistige tsjerke komt fan de eardere krústsjerke. Yn de tsjerke is noch in tinkboerd dat weromtinkt oan de bluodderige Spaanske oerfal yn Koudum fan 1586. De krústsjerke krige tusken 1614 en 1617 in grutte toer en tusken 1645 en 1655 krige de tsjerke in nij ynterieur. In part fan it koperwurk waard makke yn Amsterdam. Yn de foet fan de preekstoel fan de tsjerke binne wapens úthoud fan de doetiidske grytman Jehan fan Aylva en syn frou Katarina fan Walta. De preekstoel stiet op sân moarmeren doaryske pylders. Fierders binne der in doophek, twa oerkape hearebanken en tsjerkebanken mei sniene einskotten en bolbekroanings. De bylden dy't op it oargel te finen binne, binne yn de 19e iuw oankocht fan in tsjerke yn Starum. De oargel waard boud troch L. van Dam en Soannen, mei oargelpipen fan piipwurk út 1651.
De tsjerke is no oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Yn 2009 hat der in grutte renovaasje west fan it ynterieur. De tsjerke is te besjen op fêststelde tiden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|