Martha Norelius
Martha Norelius | ||
![]() | ||
![]() | ||
Martha Norelius (1927) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Martha Maria Norelius | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 22 jannewaris 1909[1] | |
berteplak | Stockholm | |
stjerdatum | 25 septimber 1955 | |
stjerplak | St. Louis | |
etnisiteit | ![]() | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Swimmen | |
ûnderdiel | Frije slach | |
O.S. | Parys 1924, Amsterdam 1928 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() |
Martha Maria Norelius (Stockholm, 22 jannewaris 1909[1] - St. Louis, 25 septimber 1955) wie in Amerikaansk swimster fan Sweedsk komôf.
Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Sy waard yn Parys Olympysk kampioene op de 400 meter frije slach, mei in Olympysk rekôr fan 6:02.2 minuten. Fjouwer jier letter yn Amsterdam prolongearre sy har titel op de 400 meter frije slach yn in wrâldrekôr fan 5:42.8 minuten. Ek waard sy in pear dagen letter Olympysk kampioene op de 4x100 meter frije slach mei it Amerikaanske estafette team.
Nei de Olympyske Spullen fan 1928 waard sy profesjoneel ferklearre om't se optreden hie yn in show yn Miami mei Pete Desjardins, Johnny Weissmuller en Helen Meany. Dernei waard sy profesjoneel swimster.
Norelius hat trije kear boaske west, wêrûnder yn 1930 mei roeier Joseph Wright dy't yn Amsterdam in sulveren medalje wûn yn de dûbeld-twa. út dizze houliken krige se fiif bern twa mei Wright en trije út har tredde houlik. Martha Norelius ferstoar op 25 septimber 1955, yn 'e âldens fan om en de by 46 jier, oan de gefolgen fan in operaasje oan har galblaas.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|