Martenahûs (Frjentsjer)

Ut Wikipedy
Martenahûs
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Foarstrjitte 35
koördinaten 53°11′11″ N 5°32′32″ E
bysûnderheden
type bouwurk stins
boujier 1498
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15756
kaart
Martenahûs (Frjentsjer)
Martenahûs

It Martenahûs (Nederlânsk en offisjeel: Martenahuis) is in stins yn 'e binnenstêd fan 'e Fryske stêd Frjentsjer. It gebou stiet oan 'e Foarstrjitte, deunby it Sjûkelân, dêr't simmerdeis de PC ferkeatst wurdt. It Martenahûs datearret út 1498 en hat de status fan ryksmonumint. Foarhinne wie der ûnder mear it gemeentehûs fan it âlde Frjentsjerteradiel húsfêste. Sûnt 2006 sit yn it gebou it Museum Martena. Efter de stins leit de mânske Martenatún, suver in lyts park allyk, dy't derby heart.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Martenahûs waard yn 1498 boud yn opdracht fan 'e Fryske haadling Hessel fan Martena1460-1517), in foaroanman fan 'e Skieringers, dy't oarspronklik út Koarnjum kaam, yn Ljouwerteradiel. Martena hie in stins yn Bitgum dy't ûnder de boargeroarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers oant twaris ta troch de Fetkeapers plondere waard en de twadde kear boppedat oan 'e grûn ta ôfbaarnde, wylst de ferdigeningswâl deromhinne ôfgroeven en sljochte waard. Om't Martena ferdigener fan 'e stêd Frjentsjer wie foar Albrecht fan Saksen, lei it foar him foar de hân om dêr in nije stins te bouwen, ek al om't Frjentsjer stevich yn 'e hannen fan 'e Skieringers wie.

Nei it ferstjerren fan Martena, yn 1517, wenne syn widdo Both fan Hottinga noch oant 1541 yn it Martenahûs, doe't hjasels ek stoar. De stins waard doe urven troch Lusia fan Martena, dy't troud wie mei de Dútske ealman Frits fan Grombach. Yn maart 1584, doe't it gebou yn besit wie fan Amelia fan Grombach, waarden der op it terrein fan 'e stins tweintich hûssteeën ferpachte foar de útwreiding fan Frjentsjer. Troch dyselde eigneresse, dy't mei in lid fan 'e famylje Vervou troud wie, gie it Martenahûs oer yn eigendom fan dat laach.

De efterside fan it Martenahûs, mei it begjin fan 'e Martenatún.

Yn 1671 waard de stins urven troch in Abel Coenders fan Vervou, dy't der nei alle gedachten sels nea wenne hat. Ynstee ferhierde er it gebou as wente oan û.m. perfester Campegius Vitringa en de ferneamde wittenskipster Anna Maria fan Schurman. Yn 1694 kaam it Martenahûs troch in iepenbiere ferkeap yn it besit fan in Suffridus Westerhuis, dy't it pân omtrint 1700 yngeand ferbouwe liet. Nei de dea fan Titia Bogarda, de widdo fan Westerhuis, kaam de stins yn it besit fan in oare widdo, Maria fan Ranouw, dy't it trochjoech oan har dochter Elisabeth, dy't wer troud wie mei in dr. Isaäk Telting. Dyselde stoar yn 1781, wêrnei't it Martenahûs urven waard troch in Tettsje Scheltema, de widdo fan mr. Albartus Telting.

Yn 1826 urf Tettsje har beppesizzer Albartus Deketh de stins, dy't er, om't er der sels dochs net wenne, yn 1834 foar ƒ5.000 ferkocht oan syn efterneef mr. Albartus Telting. Yn 'e keapakte is fêstlein dat de doetiidske hierder in Walraven Willem Noodt wie, wylst yn 'e kelders fan it pân ek noch in Sjoerd Faber en in Koenraad Ysbrandi wennen. Albartus Telting ferstoar yn 1863, wêrnei't it Martenahûs noch goed tritich jier yn it besit bleau fan syn widdo Anna Cornelia Henriëtte Huguenin. Yn 1895 waard it pân oankocht troch de âlde gemeente Frjentsjerteradiel, dy't der nei in restauraasje yn 1971-1972 syn gemeentehûs fan makke. Dat wie wat in aparte sitewaasje, mei't âld-Frjenteradiel út in Noarder- en in Sudertrimdiel bestie, dy't noardlik en súdlik fan 'e stêd Frjentsjer leine; Frjentsjer sels foarme doedestiden lykwols de selsstannige gemeente Frjentsjer, en sadwaande stie it gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel eins bûten de eigen gemeente.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene it âlde Frjentsjerteradiel, Frjentsjer sels en it grutste part fan Barradiel op yn 'e nije gemeente Frjentsjerteradiel. Dy nije gemeente hold earst it Stedhûs fan Frjentsjer (it âlde gemeentehûs fan 'e gemeente Frjentsjer) oan as gemeentehûs en liet letter in hiel nij gebou sette west fan it stedssintrum, oan 'e Harnzerwei. It Martenahûs ferlear sadwaande yn 1984 syn funksje fan gemeentehûs, mar bleau noch jierren yn gebrûk as kantoargebou foar de gemeentlike organisaasje. Doe't it úteinlik leech kaam te stean, waard besletten dat Museum 't Coopmanshûs, it stedsmuseum fan Frjentsjer, deryn lûke soe, dat nammentlik nei rommere behuzing socht. It museum yn it Martenahûs gie op 8 july 2006 iepen, en om't it foarhinne nei 't Coopmanshûs neamd wie mar dêr no net mear fêstige wie, moast der in nije namme komme. Dat waard Museum Martena.

It Martenahûs sa't it der sûnt de restauraasje fan 1971-1972 útsjocht.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Martenahûs datearret fan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw, hat it tsjintwurdich in sterk santjinde-iuwsk oandwaand uterlik troch yngripende ferbouwings út dy tiid en in 'rekonstruksje' út 'e tweintichste iuw. De stins is boud fan âlde kleastermoppen, en bestiet ôfwikseljend út lege reade en lege giele bakstien. It is in ûnderkeldere gebou dat opmakke is út twa fleugels dy't leadrjocht yn in hoeke fan 90° opinoar steane. De tsjintwurdige foarkant, dy't yn east-westrjochting oan 'e súdkant fan 'e Foarstrjitte stiet, foarmet de iene fleugel, en de oare rint út 'e eastlike ein fan dy earste fleugel rjocht nei it suden ta. In toer mei treppehûs en útsjochromte boppe-yn is yn 'e hoeke tusken de beide fleugels tafoege.

De finsters fan it Martenahûs bestiene oarspronklik út natoerstiennene krúskezinen mei glês-yn-lead deryn, wylst de oarspronklike haadyngong yn 'e toer wie, oan wat no de efterkant fan it gebou is. Dy yngong en it plein dat derfoar lei, koe men berikke troch in poartegebou mei boppewente dat foarhinne oan 'e eastkant njonken de stins stie. Op in plattegrûn fan Frjentsjer út 1616 ken men dy sitewaasje noch werom. Oan 'e kant fan 'e Foarstrjitte befûn him oer de hiele lingte fan it hûs oarspronklik ien grutte seal. Fan binnen waard de stins opboud út bynten, stilen mei goatyske kaaistikken en korbelen. De kelders binne oerwulve op pylders.

By de yngeande ferbouwing fan 1700 yn opdracht fan 'e doetiidske eigner Suffridus Westerhuis, waard in nije haadyngong makke oan 'e Foarstrjitte, oan 'e foarside fan 'e stins, mei in iensidige treppen (fan it westen ôf) nei in bordes foar de doar. Efter de nije doar waard in hal makke mei yn it ferlingde dêrfan in gong. Dêrtroch ûntstie rjochts fan 'e gong in keamer fan trije finsters breed, dy't de oarspronklike djipte (breedte) fan 'e seal behold. De út bynten mei planken deroerhinne besteande keamerssouder waard troch in kassetteplafon mei beskildere flakken oan it gesicht ûntlutsen. Op 'e wanden kamen letter beskildere doeken. Lofts fan 'e gong ûntstie in twadde keamer, twa finsters breed, dêr't de byntesouder bleau sa't er wie. Dit fertrek waard lykwols smeller makke trochdat derefter in koken tafoege waard. Ek de beide finsters fan 'e lofterkeamer waarden nei alle gedachten by de ferbouwing fan 1700 oanpast en fan skoruten foarsjoen.

It Martenahûs sa't it der oant de restauraasje fan 1971-1972 útseach. Tink om 'e finsters, de missende blinen en it bordes mei in treppen oan ien kant.

Ek yn 'e njoggentjinde iuw waarden ferskate fernijings oan it Martenahûs dien; sa waarden û.m. de finsters ûntdien fan it oarspronklike glês-yn-lead en foarsjoen fan saneamde empire-ruten. Yn 'e tweintichste iuw waarden by de restauraasje fan 1971-1972 de natoerstiennene krúskezinen wer yn 'e oarspronklike foarm werombrocht, blaubeskildere blinen oan 'e bûtenkant fan it gebou ynbegrepen. Yn 'e rjochterkeamer behold men lykwols de binnenlûken dy't by de empire-ruten hearden. Ek de nije haadyngong oan 'e foarside fan it gebou út 1700 waard om praktyske redens hanthavene. Wol waard it bordes no ek oan 'e eastkant fan in treppen foarsjoen.

Martenatún[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Martenatún is de byhearrende tún efter it Martenahûs, dêr't in protte stinzefloara groeit, en dy't kwa grutte suver in lyts park allyk is. Dizze tún, dy't no fuort efter de stins begjint, op it plak dêr't oarspronklik it pleintsje foar de haadyngong yn 'e toer lei, waard yn 1694 yn opdracht fan Suffridus Westerhuis ûntwurpen nei de styl fan 'e Frânske túnarsjitekt André Le Nôtre. Sa ûntstie der in lustparkje mei parterres, spegelhagen en in orânzjery. Yn 1834 waard de Martenatún werynrjochte troch de Ljouwerter túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard. Tsjintwurdich is de Martenatún krekt as de stins yn gebrûk fan Museum Martena, dat der in byldetún fan makke hat.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: