Marten von Barnekow
| Marten von Barnekow | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Marten von Barnekow | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 16 maart 1900 | |
| berteplak | Bromberg | |
| stjerdatum | 29 novimber 1967 | |
| stjerplak | Rehau | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Hynstesport | |
| ûnderdiel | Springen | |
| O.S. | Berlyn 1936 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Marten von Barnekow (Bromberg, 16 maart 1900 - Rehau, 29 novimber 1967) wie in Dútsk hynstesporter. Von Barnekow oerlibbe as iennige fan de Dútske springruterploech út 1936 de Twadde Wrâldkriich.
Barnekow waard yn 1933 lid fan de SS en waard op 23 juny 1934 befoardere ta SS-Untersturmführer. Tagelyk realisearre er him dat hy him allinnich suksesfol tariede koe op de Olympyske Spullen yn Berlyn as er by de Wehrmacht gie. Dêrom waard er op 13 augustus 1934 op eigen fersyk ûntslein út de SS en makke er him klear op de Wehrmacht Kavallerieschule Hannover foar op de Olympyske Spullen fan 1936 yn Berlyn.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, by de lannenwedstriid springen, mei Kurt Hasse en Heinz Brandt.
Op 9 novimber 1938 sleat er him wer oan by de SS as SS-Sturmbannführer om syn karriêre troch te setten by de SS-Hauptreitschule München. Marten von Barnekow ferstoar op 29 novimber 1967, yn 'e âldens fan 67 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|