Marten van der Hem
| Marten van der Hem | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Marten van der Hem | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 17 novimber 1913 | |
| berteplak | Raerd | |
| stjerdatum | 28 febrewaris 1993 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| funksje | opslagger | |
| PC | 1934, 1936, 1940 | |
| debút | 1932 | |
| karriêre-ein | 1948 | |
| ekstra | 1× PC kening (1934) | |
Marten van der Hem (Raerd, 17 novimber 1913 - Ljouwert, 28 febrewaris 1993) wie in Frysk keatser.
van der Hem helle 104 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1934 wûn er mei Harmen Bogaard en Klaas de Jager beide fan Hars foar de earste kear de PC. Marten van der Hem waard ta kening útroppen. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Anne Braam fan Seisbierum en Willem Bosma fan Boalsert. It soe dernei fjouwer jier duorje foar't er yn 1940 foar de tredde kear de PC wist te winnen, dizze kear wiene Lou Seerden fan Frjentsjer en Feite de Jager fan Harns syn maten.
Van der Hem, dy't opslagger wie, wie in rêstige en beskieden keatser, dy't op it fuottenein fan it keatsgebiet wenne. Hy gie altyd op de fyts nei de keatspartijen ta. Dus al betiid op ' en paad, somtiden wol trije oeren foardat de wedstriid begûn, want nei Holwert of Ternaard wie wol fyftich kilometer. De keatspartijen yn dy tiid wiene jûns om in oere as sân ôfrûn, dan wer op de fyts werom en om tsien oere dus wer thús. En dan op snein op 'e nij nei te keatsen.
Nei syn karriêre as keatser yn 1948 waard Van der Hem, wurksum op it Lânbouhûs yn Ljouwert, foar it keatsen wie er noch lid fan de technyske kommisje en fan de strafkommisje en ek trede er as skiedsrjochter op. Marten van der Hem ferstoar op 28 febrewaris 1993 yn de âldens fan 79 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|