Martellikat
| martellikat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
In fragmint fan 'e fossilisearre ûnderkaak fan in martellikat yn it Paleöntologysk Museum fan Florâns. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Felis lunensis | ||||||||||||
| Martelli, 1906 | ||||||||||||
| status: útstoarn (fossyl)) | ||||||||||||
De martellikat of Martelli's kat (wittenskiplike namme: Felis lunensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist is bekend fan ferskate fossilen út Itaalje en Hongarije, dy't datearje út it Plioseen en it Pleistoseen. De martellikat libbe fan likernôch 2.500.000 oant 78.000 jier lyn.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De martellikat waard foar it earst yn 1906 wittenskiplik beskreaun troch de Italjaanske paleöntolooch en faksistyske politikus Alessandro Martelli. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis lunensis, mar it waard letter faak nei himsels oantsjut as de martellikat of Martelli's kat. Martelli basearre him foar syn beskriuwing op in fragmintaryske ûnderkaak dy't fûn wie yn in út it Plioseen datearjende grûnlaach yn 'e neite fan Olivola yn Toskane. Dat holotype is tsjintwurdich op 'e noed fan it Paleöntologysk Museum fan 'e Universiteit fan Florâns. Letter binne ferskate oare fossilen fan 'e martellikant opdobbe, sawol yn Itaalje as yn Hongarije, dy't datearje út it Plioseen en it Pleistoseen.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e wylde katten (Felis), dat omtrint 12 miljoen jier lyn ûntstie, spjalte him úteinlings op yn 'e ûnderskate soarten wylde katten dy't hjoed de dei besteane. De martellikat, dy't him likernôch 2,5 miljoen jier lyn ûntjoech yn it Plioseen, wie ien fan 'e earste moderne wylde-kattesoarten. De útkomsten fan ûndersyk nei de fossilen fan dit bist wize op 'e mooglikheid dat de tsjintwurdige Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) yn it Mid-Pleistoseen troch evolúsje út 'e martellikat ûntstien wêze kin. Dat hat derta laat dat de martellikat soms as in fossile ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat behannele wurdt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|
