Springe nei ynhâld

Marsellus II

Ut Wikipedy
Marsellus II
   kristlik lieder
Paus Marsellus II
Paus Marsellus II
amt en titulatuer
tsjerkeRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdombisdom Rome
sitHillige Sit
amtsperioade1555
foargongerJulius III
opfolgerPaulus IV
wurkpaad
biskopswijingapril 1555
kardinaal19 desimber 1539
persoanlike bysûnderheden
bertenammeMarcello Cervini
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum6 maaie 1501
berteplakMontepulciano
stjerdatum1 maaie 1555
stjerplakRome

Paus Marsellus II, bêrne as Marcello Cervini (Montepulciano, 6 maaie 1501Rome, 1 maaie 1555) wie de 222ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 22 dagen, fan 9 april oant 1 maaie 1555.

Marcellus studearre oan de universiteit fan Siena arsjitektuer, astronomy en wiskunde. Hy waard op 19 desimber 1539 troch paus Paulus III ta kardinaal kreëarre. Hy wie dêrfoar al biskop fan Nicastro. Hy waard lykwols pas ta biskop wijd nei syn pausferkiezing. Fanwegen syn oplieding waard Marcello Corvini bibliotekaris fan de Fatikaanske Biblioteek. Fan 1545 ôf die er mei oan it Konsily fan Trente; hy fungearre as ien fan de foarsitters.

Syn namme is ûnskiedber ferbûn oan de Missa Papae Marcelli, dy't Giovanni Pierluigi da Palestrina ta eare fan Marsellus II komponearre hawwe soe. Marsellus II wie de omke fan Robertus Bellarminus dy't yn 1930 hillich ferklearre waard.

Trochdat Marsellus II al sa betiid nei syn ferkiezing stoar, heart syn pausskip ta de koartste tsien pontifikaten yn de skiednis fan it pausdom.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE
    Pausen yn 'e 16e iuw

    Pius III · Julius II · Leo X · Adrianus VI · Klemins VII · Paulus III · Julius III · Marsellus II · Paulus IV · Pius IV · Pius V · Gregoarius XIII · Sikstus V · Urbanus VII · Gregoarius XIV · Innosintius IX · Klemins VIII


    · · Berjocht bewurkje