Springe nei ynhâld

Marokkaansk jachtloaihoars

Ut Wikipedy
Marokkaansk jachtloaihoars
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai jachtloaihoarsen (Acinonyx)
soarte
Acinonyx aicha
Geraads, 1997
útstoarn (fossyl)

It Marokkaansk jachtloaihoars (wittenskiplike namme: Acinonyx aicha) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx). Dit bist libbe yn it Plioseen (5,3–2,6 miljoen jier lyn) yn Noard-Afrika.

It iennichste bekende fossyl fan it Marokkaansk jachtloaihoars waard yn 'e 1990-er jierren fûn by in opgraving by Ahl al-Oughlam, yn 'e beboude kom fan 'e stêd Kasablanka, yn it noardwesten fan Marokko. De grûnlaach dêr't it fossyl yn oantroffen waard, datearret út it geologysk tiidrek fan it Piacenzyn, dat rûn fan 3,6–2,6 miljoen jier lyn.

It Marokkaansk jachtloaihoars waard foar it earst yn 1997 wittenskiplik beskreaun troch de paleöntolooch Denis Geraads, yn it artikel Carnivores du Pliocène de Ahl al-Oughlam (Casablanca, Maroc) yn it wittenskiplik tydskrift Géobios. Dizze soarte liek in protte op it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), mar wie primitiver. Wannear't it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis) beskôge wurdt as makrosoarte, wurdt it Marokkaansk jachtloaihoars soms as ûndersoarte dêrfan werjûn, mei de wittenskiplike namme A. p. aicha.

Dit artikel is in stobbe oer paleöntology.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Notes et Références, op dizze side.

Sjoch ek de kaart mei tekst op dizze side.