Marklastins

Ut Wikipedy

Marklastins stie benoardeasten Hallum yn de bocht fan de Jousmabuertsterwei. It ûntstean fan de stins is ûnbekend, dat fan it goed leit yn de 11e iuw of earder. Yn 1718 wie neist de sate noch in stinswier; yn 1989 stie neist it terrein allinnich noch in hûs.

De âldste fermelding fan dit goed is út 1483. De haadling Jeppe Jeppema fan Westernijtsjerk liet yn dat jier Mercle guth oan syn frou Luts Feitsma as 'dowarie' nei. Yn de Dútske oersetting fan syn testamint hjit it: item Lutge sal haben Mercle guth, alzo als es ist, ewig und erblich, auszgescheyden funff marck renthen dy Ethie kindere darinn habenn en item Mercla guth, das Lutge haben sall, das sall Feye, Onthia und Gerit frey machen in alle rechten, auszgeschlossen dy funff marck renthen dy Ethie kinder darinn haben.

De namme Mercle of Markla is ûntliend oan dat fan de buorskip Mercelum of Merselum dêr't it goed ta hearde. Dy buorskip op de wyls ferdwûne, westlike terp oan de Jousmabuertsterwei wurdt al yn de om 1230 ta stân kommen libbensbeskriuwing fan abt Fredericus fan Mariengaarde (1163-1175) as wenplak fan in ealman neamd. De identifikaasje fan dit aadlike wenplak yn de lettere kleasterkronyk fan Sibrandus Leo (16e iuw) mei Marckla is fanwege de yn 1718 noch besteande stinswier te leauwen.

De stinswier fan Marckla lei yn 1718 op de terp fan Merselum. Dy terp lei op de kwelderwâl, dêr't de doarpen Hijum en Hallum op lizze en wêrop bewesten Hallum ek de terp fan Ondersmabuorren lei. Archeologysk ûndersyk is oant 2010 net dien, wol trof Tjamme Valk hjir in segelstimpel en stikken dowestien oan.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • NN san Merselum, berne om 1080
  • Renik fan Merselum, berne om 1110
  • Wibrand Renekenga fan Merselum, berne om 1140
  • Renik jr. fan Merselum, berne om 1170
  • Sibrand Renekenga, berne om 1200
  • Bernard fan Merselum, yn 1369 rjochter fan it distrikt Wininge
  • Jeppe Jeppema (test. 1483) en Luts Feitsma
  • Tialing Jellinga en Luts Feitsma
  • Auck Jellinga alias Markla mei 1. Taco Mockema en 2. mooglik Wyger Feytsma.
  • Taeck Takesdr Mockema en 1. Lieuwe Beyma en 2. dr Hessel Aysma
  • Siurdt (Lieuwez) Beyema hie yn 1561 in rinte út Merclasaete.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: