Springe nei ynhâld

Markesasiisfûgel

Ut Wikipedy
Markesasiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus godeffroyi
Finsch, 1877
krityk

De Markesasiisfûgel of Markezyske iisfûgel (Todiramphus godeffroyi) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is in slim bedrige fûgel mei in lyts ferspriedingsgebiet.

De likernôch 22 sm lange fûgel is in meast wite iisfûgel mei in wite kop, in wyt boarst en in wite búk en in smelle blauswarte eachstreek oant yn 'e nekke. De rêch, de stút, de sturt en de wjukken binne blau. De fûgel hat in swarte snaffel.

De bedrige fûgel is endemisme|endemysk op 'e Marquesaseilannen of Markesaseilannen, in eilannegroep yn 'e Grutte Oseaan yn Frânsk-Polyneezje. Sûnt 1990 is it ferspriedingsgebiet allinne noch beheind op it eilân Tahuata. It leefgebiet bestiet út tichte reinwâlden oan berchbeken en ôfsidige dellings, mar de fûgel wurdt ek yn kokpalmplantaazjes waarnommen.

Troch it beheinde ferspriedingsgebiet bestiet der in kâns op útstjerren. It bosk wurdt troch weidzjend fee oantaast. Op it eilân Hiva Oa is de fûgel ferdwûn troch de predaasje fan in ûlesoarte en de swarte rat. Op Tahuata binne ek ratten en katten oanwêzich. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2014 troch BirdLife International op 350 folwoeksen fûgels rûsd, mar oannommen wurdt dat de oantallen fierder ôfnimme. Dêrfandinne stiet de soarte as tige bedrige (CR, krityk) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

De namme fan 'e fûgel waard yn 1877 troch Otto Finsch as Halcyon godeffroyi beskreaun en ferneamd nei de Dútske samler Johan Cesar Godeffroy.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: